Jan Frearks van der Bij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Jan Frearks van der Bij (Drachten, 4 novimber 1922 - Bartlehiem, 5 maart 2013), wie in Frysk ekspresjonistysk skilder.

Van de Bij krige les fan Herman Dijkstra (1904-1976) yn Grins. Neist syn deistige wurk as reklameûntwerper ûntjoech er him as keunstskilder. Hy hearde mei ûnder oaren Klaas Koopmans en Pier Feddema ta de nei-oarlochske eksperimintele groep 'Yn'e Line' (1950-1970). Mei it Fryske lânskip as grutste ynspiraasjeboarne sochten dizze skilders nei in eigen frije foarmtaal. Van der Bij wurke yn it earstoan yn de losse toets en de ljochte kleuren fan it ympresjonisme. Begjin jierren fyftich fan de 20e iuw kaam de oergong nei it ekspresjonisme. De kleuren waarden donkerder, de farve waard yn in grutte beweging yn ferheftige streken obrocht. Dit waard fersterke troch de stevige kontoeren dy't hy yn neifolging fan it Flaamsk ekspresjonisme fan Permeke en De Smet tapaste.

Sûnt de jierren santich keas de skilder foar hieltiten helderder kleuren en in sterk ferienfâldige foarmetaal. Hy wie lid fan It Frysk Palet, in klup fan jonge keunstners, dy't foar eltsenien begryplike keunst makke. Benammen mozaïken en wandskilderingen fan him binne yn Smellingerlân en dêrbûten te sjen, bygelyks by beukerskoalle "De Stienpolle".

Op 5 maart 2013 ferstoar Van der Bij yn 'e âldens fan 90 jier yn in fersoargingshûs te Bartlehiem.[1]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Palm, F. van der (2002) Jan Frearks van der Bij: 80 jaar. Harns: Flevodruk
  • Mous, H. (2008) De kleur van Friesland: beeldende kunst na 1945. Ljouwert: Friese Pers Boekerij bv

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Schilder Jan Frearks van der Bij overleden" Ljouwerter Krante, 6 maart 2013