Springe nei ynhâld

Tangermünde

Ut Wikipedy
Tangermünde
Riedshûs.
Riedshûs.
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
lânkring Stendal
Stedsyndieling 7 Ortschaften
9 Ortsteilen
Sifers
Ynwennertal 10.228 (31.12.2023)
Oerflak 89,98 km²
Befolkingsticht. 114 ynw./km²
Hichte 43 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 39590
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 52°32' N 11°58' E
Offisjele webside
www.tangermuende.de
Kaart
Tangermünde (Saksen-Anhalt)
Tangermünde

Tangermünde is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Saksen-Anhalt yn 'e lânkring Stendal. De stêd leit oan 'e Elbe en oan 'e mûning fan 'e Tanger. De eardere hânzestêd hat noch in goed bewarre binnenstêd mei in soad fakwurk- en bakstienhûzen.

Kastiel fan Tangermünde.

It kastiel fan Tangermünde waard foar it earst troch de kronykskriuwer biskop Thietmar fan Merseburg yn 1009 as civitate Tongeremuthi neamd, om 't op it plak de Tanger (Tongera) yn 'e Elbe útmûnet. De earste fermelding fan 'e stêd stamt út 1275. De lokaasje op in rotseftige einmorene heech boppe de Elbe makke fan 'e stêd in gaadlik plak foar it ynbarren fan tol en letter waard it de residinsje fan 'e merkgreve.

De bloeitiid fan 'e hânzestêd wie yn 'e 15e iuw, doe't de stedspoarten en it stedhûs yn 'e Noard-Dútske bakstiengotyk boud waarden. Yn dy tiid waard de Sint-Stefanustsjerke grutter makke ta in goatyske halletsjerke. Nei in opstân yn 1488 fanwegen de bierbelesting ferlear de stêd de geunst fan karfoarst Johann Cicero fan Brandenburg. De residinsje ferhûze dêrnei nei Cölln, dêr't sûnt 1442 al wurke waard oan it Berlynske Slot.

Tangermünde baarnde op 13 septimber hast hielendal ôf. De wees Grete Minde krige sûnder grûn de skuld fan 'e brân yn 'e skuon skood; hja soe dat út lilkens dien ha om 't har erfenis ynholden waard. Grete Minde waard feroardiele en belâne yn 1619 op 'e brânsteapel. De saak ynspirearre Theodor Fontane ta it skriuwen fan syn yn 1880 publisearre novelle "Grete Minde".

By wetteroerlêst tsjinnet de stedsmuorre ek as in dyk tsjin heechwetter.

Yn 'e 19e iuw ûnstiene der yn it noarden fan 'e stêd nije wen- en yndustrygebieten. Oars as yn 'e measte stêden fan Europa waarden de âlde fêstingwurken fan 'e stêd net ôfbrutsen. De Twadde Wrâldkriich feroarsake oan it stedssintrum net in hiel soad skea.

By Amerikaanske artillerybesjittingen waarden wol in pear weardefolle fakwurkhûzen ferneatige. Op 14 april 1945 namen de Amerikanen fjochtsjend de stêd yn. Yn it noarden fan 'e stêd waard de yn 1933 foltôge brêge oer de Elbe opblaasd. De brêge bleau lykwols foar fuotgongers noch te brûken en flak foar de ein fan 'e oarloch koene sa noch tsientûzenen Dútske soldaten en boargers oer de brêge nei de westkant komme.

Yn 'e DDR-tiid bleau de binnenstêd yntakt. Nei de Wende waard de fertutearzge stêd renovearre en binne in soad gebouwen restaurearre.

De Stêd Tangermünde is ek in gemeente en bestiet njonken de kearnstêd Tangermünde út 7 Ortschaften en 9 Ortsteilen.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tangermünde fan Wikimedia Commons.