Berlynsk Stedsslot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It Berliner Stedsslot mei rjochts it keizer Wilhelm monumint rûn 1900
Loftopname fan it Berliner Stedsslot rûn 1900
Kompjûterôfbylding fan it nij te werbouwen slot
Humboldt-boks

It Berlynske Stedsslot (Dútsk:Berliner Stadtschloss) wie de haadwente en winterredidinsje fan de markgreven en karfoarsten fan Brandenboarch en letter fan de Prusyske keningen en Dútske keizers. It slot stie op it Spree-eilân yn it hjoeddeiske Berlynske distrikt Mitte.

De bou fan it slot sette útein yn 1443 en kaam ree yn 1451. Nei de Novimberrevolúsje fan 1918 is it slot as museum brûkt en hawwe der ynstellings ynsitten lykas Keiser Wilhelm Gesellschaft en de Notgemeinschaft der deutschen Wittenschaft. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke it slot earnstich beskeadige. Der binne lykwols ferskate útstallings ynholden wat no yn East-Berlyn lei. Yn 1950 hat de siktaris-generaal fan de sintrale komitee fan de Sosjalistyske Ienheidspartij fan Dútslân (SED), Walter Ulbricht besletten it slot op te blazen en bou in plein wêr grutte optochten holden wurde kinne. It slot is tusken 7 septimber oant 30 desimber 1950 ôfbrutsen. Tusken 1973 en 1976 is op it plak fan it Berlynske slot it Palast der Republik (Paleis fan de Republyk), in paleis fan it folk wêr de Volkskammer har sit hie. Nei de Dútske weriening is lykwols besletten dit paleis wer ôf te brekken nei't der grutte hoefolheden asbest fûn binne, dy't deryn ferwurke wie. De ôfbraak wie ree op 2 desimber 2008. Yn 2002 hat it Dútske bûnsregear en it Berlynske stêdsbestjoer besletten om it âlde slot te werbouwen. Yn 2010 is mei de bou úteinset. Yn 2019 moat de bou ree wêze. It wie earder de bedoeling yn 2015 mei de bou dien te wêzen, mar troch besunigings en de stadige ekonomyske groei en rekonstruksje fan âlde ûnderdielen mear tiid nimme as ferwachte wie. Op it mêd waard yn juny 2011 in toeristyske attraksje delset. Yn did zze Humboldt-Boks kin men sjen hoe't it slot der skielk útsjen sil. Dizze opstelling sil oant 2019 stean bliuwe wannear it slot dienmakke is en sil dan ôfbrutsen wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]