Hann. Münden

Ut Wikipedy
Hann. Münden
Riedhûs
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Göttingen
Sifers
Ynwennertal 23.504 (31.12.2020)
Oerflak 121,12 km²
Befolkingstichtens 194 / km²
Hichte 123 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 51° 25´N 09° 41´E
Webside www.hann.muenden.de

Hann. Münden (ôfkoarting fan Hannoversch Münden) is in stêd en selsstannige gemeente yn de lânkring Göttingen yn it suden fan Nedersaksen oan de grins fan Hessen en net fier fan Thüringen ôf. Hannoversch Münden leit op it plak dêr't de Werra en de Fulda gearrinne en se fan dêr ôf de Wezer foarmje.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tafoeging Hann. ferwiist nei it keninkryk Hannover, dêr't Münden yn de 19e iuw by hearde en is nedich om betizing mei it Westfaalske Minden út te sluten. Sûnt 1971 is de namme offisjeel "Hann. Münden". It is net allinne in ôfkoarting mear, mar de namme wurdt ek sa útsprutsen.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de gemeentlike weryndieling fan 1973 bestiet de stêd Hann. Münden út de kearnstêd en tsien saneamde ortsteile.

  • De kearnstêd bestiet njonken de binnenstêd út: Altmünden, Hermannshagen, Neumünden, Kattenbühl, Blume.
  • Ortsteile yn de stêd binne: Bonaforth, Gimte (mei Hilwartshausen), Hedemünden, Hemeln (mei Bursfelde en Glashütte), Laubach, Lippoldshausen, Mielenhausen, Oberode, Volkmarshausen, Wiershausen.