Springe nei ynhâld

Jemgum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jemmingen)
Jemgum
Flagge Wapen
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Leechsaksen
Distrikt Lier
Sifers
Ynwennertal 3.595 (31 desimber 2020)
Oerflak 78,49 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 46 / km²
Hichte 2 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee Jemgum
Gemeente Jemgum
skeane toer fan Midlum

Jemgum (Eastfrysk: Jemmen, Nederlânsk ferâldere: Jemmingen) is in doarp en gemeente yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, yn de lânkring Lier, oan de Iems. De gemeente hie 3.595 ynwenners yn 2020. De gemeente foarmet mei de buorgemeenten Bunde, Weener en it doarp Bingum yn de gemeente Lier, it Dútske diel fan de streek Reiderlân yn East-Fryslân.

Plakken yn de gemeente Jemgum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente bestiet út alve kearngebieten (Ortschaften) en byhearrende buorskippen (Ortsteile):

Doarpsgebiet Ynwenners Oerflak (km²) byhearrende buorskippen
Jemgum 1531 11,89 Eppingawehr, Jemgumgaste, Klimpe, Neu-Sappenborg (earder Timpe neamd), Sappenborg
Ditzum 657 10,39 Aaltukerei (foar in part), Ditzumerhammrich (foar in part), Großwarpen, Kleinwarpen
Midlum 295 7,42 Eppingawehr
Holtgaste 235 8,46 Soltborg, Groß-Soltborg, Bentumersiel, Jemgumkloster, Deddeborg, Geise
Pogum 205 4,75 Dyksterhusen
Hatzum 160 9,79 Boomborg, Eilingwehr, Hatzumerfehn
Critzum 158 6,97 Coldeborg, Coldeborger Burgplatz, Coldeborgersiel, Marienchorer Balkhaus
Nendorp 126 4,22 Wischenborg
Oldendorp 87 5,29 Arche, Entennest, Ledige Platz, Leegeplatz, Oldendorper Hammrich, Oosting, Wischenborg
Böhmerwold 51 4,73 Bovenhusen
Marienchor 38 4,57 Marienchorer Bülthäuser
Totaal 3540 78,48

De gemeente Jemgum grinzget oan Bunde, Weener, Lier en Moormerland.

De namme Jemgum is ôflaat fan Giminga haim, "hiem fan de lju fan Gimo". Yn de tsiende iuw wurdt er Giminghem yn 1284 Gemmegum, yn 1456 Gemgum, om 1500 hinne Gemmingum en yn de fyftjinde iuw Gemmingen neamd.

Yn de midsiuwen stie justjes westlik fan it doarp de Kommanderije Jemgum, in kommanderije fan de Oarder fan Sint-Jan.

Yn 1533 en 1568 wienen by Jemgum twa fjildslaggen. De earste Slach by Jemgum fûn yn 1533 plak. De twadde Slach by Jemgum út 1568 wie foar Nederlân de wichtichste.

De hjoeddeistige gemeente Jemgum is in fúzje fan 11 eartiids selsstannige (sjoch hjirboppe) dy't yn 1973, yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen, gearfoege waarden ta de nije gemeente Jemgum. It haadplak Jemgum waard stifte yn de 8e iuw.

De doarpen yn de gemeente Jemgum wiene ynearsten selsstanige gemeenten (Kommune). Yn 1961 waarden se part fan de gearwurkjende gemeente (Samtgemeinde) Jemgum, dy't op 1 jannewaris 1973 yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling yn Nedersaksen in ienheidsgemeente waard.

Yn de gemeente Jemgum wurdt der njonken it Heechdútsk it Eastfrysk Plat sprutsen. Alteast ûnder folwoeksenen wurdt it Plat deistich brûkt. De gemeente, mei stipe fan it Plattdütskbüro fan it Ostfriesische Landschaft, befoarderet it brûken fan it Plat.

De beukerskoalle fan Midlum hearde yn 2006 as ien fan de earste beukerskoallen dy't fan it Plattdütskbüro as Meersprakig Kinnergaarn (meartalige beukerskoalle) oanwiisd waard.

Haven fan Ditzum

Njonken it gemeentehûs yn Jemgum is der in gemeenteloket yn it doarp Ditzum.

Gearstalling gemeenteried

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenteried fan Jemgum bestiet út 14 leden. De keazen boargemaster fan rjochtswegen ek lid fan de gemeenteried. Gearstalling fan de gemeenteried, nei de ferkiezings fan 12 septimber 2021:

Partij Sitten
SPD 5
CDU 4
Jemgum 21 4
FDP 1
Boargemaster 1 (fan rjochtswegen)
Totaal 15

De toer fan Midlum stiet skeaner as de Toer fan Pisa efterinoar 6,74° en ± 4°.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jemgum Flagge fan Jemgum
Haadplak: Jemgum
Doarpen: BöhmerwoldCritzumDitzumHatzumHoltgasteMarienchorMidlumNendorpOldendorpPogum
· · Berjocht bewurkje