Springe nei ynhâld

Cronica der Fresen

Ut Wikipedy

Cronica der Fresen is in Fryske kronyk skreaun troch de Eastfryske haadling Eggerik Beninga yn de jierren fjirtich en fyftich fan de 16e iuw.

De kronyk, dy't alhiel yn it Nederdútsk skreaun waard, befettet net allinnich de skiednis fan East-Fryslân, mar ek dat fan alle oanswettende folken. De boarnen dy't er brûkt hat foar syn skiednis binne lykwols net bekend, sadat der wat twifel bestiet oer de autintisiteit fan guon foarfallen dy't er beskriuwt. Mar der stiet tsjinoer dat in soad ûnderwerpen dêr't er oer skriuwt bekend binne fan oare skiedskriuwers út dy tiid.

Dit skreau hy oer de pest: ...eene groote geschwinde krankheit ... in den anfang quam se mit eener kolde, daer sloech dan de bloetgang to, men achtede de selvige kranckheit der pestilentie gelyck, jedoch sturven nicht veel luede.....

Syn skiedskriuwerij fan Fryslân waard letter wersjoen troch Eilhardus Folkardus Harkenroth (1670-1732). In eardere edysje wie útjûn troch A. Matthaeus, dat basearre is op in oar manuskript en printe yn 1706 te Leien.