Organeum
It Organeum yn it Eastfryske Weener is in kultureel en edukatyf sintrum mei in museum ornearre foar toetsynstruminten.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bysûndere gebou fan it Organeum waard yn 1870-1873 troch arsjitekt Stüve ûntwurpen en troch Jan Hesse boud. It gebou is in filla boud yn in griemmank fan stilen mei eklektisistyske eleminten fan Ingelske neogotyk, Nederlânske stedhuzen en atriums út de âldheid. De filla stiet yn it âlde stedssintrum fan Weener, dy't lange tiid as in wente tsjinne, en stiet deunby de Joaristsjerke, dêr't it ferneamde Arp-Schnitger-Oargel fan 1710 yn stiet. De stêd Weener, dy't de eigener fan it gebou is, liet it gebou yn de 1990-er jierren restaurearje. Yn 2012/13 waard it gebou fan de bûten- en binnenkant renovearre, sa as bygelyks de rekonstruksje fan in balkon en in wintertún.
It organeum waard yn 1997 troch Harald Vogel stifte en tsjinnet foar it ûntwikkeljen, ûndersyk en befoarderjen fan de Noardwestdútske oargellânskip. It Organeum is part fan it Eastfryske kultuerlânskip dy't mei it Oargellânskip East-Fryslân ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld is, mei mear as 100 ynstruminten út sân iuwen. Yn it Organeum binne 21 ynstruminten.
It Organeum wie earst in ynrjochting fan it Ostfriesische Landschaft, mar is sûnt 2006 in ynstitút fan de Eastfryslânstifting fan it Ostfriesische landschaft, de Joaristsjerke en fan de stêd Weener. Fierder wurdt it oargelsintrum stipe troch de Förderkreis Organeum in Weener e.V.
Yn de mande mei de Noarddútske Oargelakademy wurde der yn it Organeum konserten holden, sa as bygelyks de jierlikse Musikalischer Sommer in Ostfriesland. It Organeum kin besocht wurde en men kin de ek ynstruminten spylje.
Kolleksje (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Klavesimbel boud troch Christian Zell út 1741
- Buro-oargel boud troch Frans Casper Snitger & Heinrich Hermann Freytag út 1796
- Traapoargel boud troch firma Schiedmayer út ein 19e iuw
- Fleugel boud troch Broadwood & Sons fan om 1888 hinne
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Klavesimbel boud troch Christian Zell
-
Buro-oargel boud troch Snitger & Freytag
-
traapoargel boud troch firma Schiedmayer
-
Fleugel boud troch Broadwood & Sons
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Organeum Weener fan Wikimedia Commons. |
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Winfried Dahlke, Günter G. A. Marklein: Organeum. Orgelakademie Ostfriesland. Isensee, Aldenburch 2016, ISBN 978-3-7308-1320-1.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |