Eklektisisme (arsjitektuer)
Eklektisisme is it byinoar bringen yn in ien wurk fan eleminten fan ferskaat oan stilen of streamingen. Yn de architektuer (en ynterieurûntwerp) wurdt de term benammentlik brûkt foar in rjochting yn it 19e-iuwske en ier 20e-iuwske histoarisme, de eklektyske styl.
In de 19e-iuwse byldzjende keunst bestie der gjin oerhearskjende, alles befiemjende styl. De bloei fan de wittenskip en de keunstskiednis foarmen in stimulâns om âlde stilen ta nij libben komme te litten, wat in histoarisearjende foarmjouwing fan gefolch hie. De (bou)technyk hie him geweldich ûntjûn mar dat fertaalde him lykwols net nei in nije foarmjouwing. Der koe ommers keazen wurde út de folsleine arsjitektoanyske erfenis. Sa ûntstiene ferskate neostilen, ûnder oaren:
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wie elsenien dúdlik dat by in styl dy't sa'n grutte kreätive frijheid joech en (noch) gjin rjochtinen hie, risiko op in mislearre ûntwerp der wol yn siet. Projekten dy't mislearren mei't de ferskillende stilen net harmoanieus byinoarst brocht wiene kaam de arsjitekt op krityk fan fakgenoaten te stean (fral fan dejingen dy't tsjin de beweging wiene).
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It entûsjasme foar it eklektisisme naam hurd ôf nei 1930 en it ferdwûn stadichoan yn de kurrikulums fan desingneskoallen om plak te meitsjen foar in nije styl. It Modernisme waard wichtich mei't yn protte lju it as avant-garde seagen en nije technologyen en materialen út dy jierren makken grutte ynnovaasjes mooglik.[1] Hoewol't it eklestisisme as styl ferlitten waard, bleau dy perioade fan histoarysk belang mei't er 'de doarren fannijs op sette foar ynnovaasje en nije foarmen' fan arsjitektuer yn de neifolgjende jierren.[2]
Foarbylden fan eklektisistyke arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stasjon Antwerpen-Sintraal
-
Tremstasjon Naaldwijk, eklektyske styl mei jugendstil- en sjaletstyl-eleminten
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |