Springe nei ynhâld

Oargellânskip Eastfryslân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Oargellânskip East-Fryslân)
Lokaasje fan oargels yn Eastfryslân

It Oargellânskip Eastfryslân is mei likernôch 90 oargels út seis iuwen ien fan de rykste oargellânskippen yn de wrâld. Dy oargels steane yn 170 âlde tsjerken troch Eastfryslân hinne. 60 dêrfan komme fan de tiid foar 1850. Yn de fyftjinde en sechtjinde iuw wie de Nederlânske oargelbou fan grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân, mar yn de santjinde en achttjinde iuw kamen der mear ynfloeden út Hamburch en Westfalen wei. De Eastfryske oargelbou fan de njoggentjinde iuw wie oant 1870 noch reedlik konservatyf en de ynstruminten waarden nei grûnbegjinsels fan barokke styl boud. Tusken 1870 en 1950 waarden der yn ferhâlding in bytsje oargels boud, en waarden de âlde oargels noch hieltyd brûkt. Hast alle oargels waarden yn de lêste fyftich jier restaurearre, sa't it oargellûd yn de oarspronklike steat opholpen waard. Yn de lêste desenniums naam de belangstelling tige ta en lûkt it Oargellânskip Eastfryslân oargelbouwers en organisten út de hiele wrâld oan.

Oargel yn Rysum

Al yn de snuorje fan de lette gotyk wie der yn Eastfryslân en de Ommelannen in rike oargelkultuer. Ut skriftlike boarnen wei is der oer tsien oargels yn de twadde helte fan de fyftjinde iuw allinnich yn Krummhörn bekend. Ien fan de âldste oargels yn de wrâld is yn Rysum en wurdt noch hieltyd brûkt. Hy komt mooglik út 1440 en waard mooglik troch master Harmannus út Grins, dy't ek ferbûn is oan de oargel fan de Martinystsjerke yn Grins, boud. De Rysumers betellen lywols yn natuera, ynstee fan mei jild, sa't it yn de Cronica der Fresen fan Eggerik Beninga stiet dat se "grouwe kij" (vette beesten) oer de Doalert, dy't tichtferzen wie, nei Grins ta dreaune:

“datt se ere vette beeste aver de Eemse na Gröninghen muchten laten schepen, darmede se ere schulde muchten betalen to Gröningen, wegen des örgels, datt se daer hadden maken laten.”
-Eggerik Beninga Cronica der Fresen

Sechtjinde en santjinde iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oargel fan Osteel
Oargel fan Westerhusen
Oargel fan Uttum

Yn de sechtinde en santjinde iuw hie de Nederlânske en Hamburchske oargelbou grutte ynfloed op dy fan Eastfryslân. Emden wie yn dy snuorje it sintrum fan de Eastfryske oargelbou, ek omreden troch Nederlânske grifformearden dy't yn de Tachtichjierrige Kriich dêrhinne flechten. Petrus fan Emden boude yn 1570 in oargel foar Groothusen. Kostber is de lette renêssânse-oargel fan de Werenfridustsjerke fan Osteel dy't noch ien fan de bêst bewarre oargels fan Noard-Dútslân is. Hy waard boud troch Edo Evers (1619) fan Grins, dy't de pipen fan de âlde Andreas de Mare-oargel (1566/67) út de Liugertsjerke fan Norden brûkt hat.

Mei syn krêftich lûd waard de oargel fan Westerhusen troch Jost Sieburg (1642/43) spesjaal foar it sterke gesang foar de tsjerke ûntwurpen. Yn 1641 waard de oargelbegelieding foar it sjongen yn de tsjerke yn Eastfryslân ynfierd. Foarhinne waard der sûnder begelieding songen en hie it oargel allinnich in liturgyske funksje en waard yn gruttere tsjerken brûkt foar de wiksel fan it koar.

It oargel yn de Grutte Tsjerke fan Lier giet werom op it oargel fan it Kleaster Thedinga, dy't mooglik yn 1570 troch Andreas de Mare boud waard. Doe't greve Enno III it oargel oan de evangelysk-grifformearde gemeente yn Lier yn 1609 skonken hie, boude Marten de Mare him foar de âlde Liudgertsjerke yn in renêssânse-ynstrumint om. Troch de jierren hinne waard it oargel ta in grut stedsoargel omboud, wylst it âlde register net feroare waard.

Wa't it oargel yn Uttum om 1660 hinne boud hat is net bekend. Dat oargel is in tsjûgenis fan de bloei fan de Nederlânske oargelbou yn de lette Renêssânse. It haadregister klinkt tige fokaal, wylst de oare registers ferskate oare lûden jouwe. In part fan de pipen is noch de oarspronklike dy't út de sechtjinde iuw stammet. Joachim Richborn, de wichtichste oargelbouwer út de tiid foar Arp Schnitger om 1700 hinne hat de oargels yn Berdum (1677) en Buttforde (1681) boud. De oargel yn Buttforde is hast folslein yn de oarspronklike foarm bewarre bleaun. Ek de oargel fan Pilsum (1694), dy't troch oargelbouwer Valentin Ulrich Grotianus út Auwerk boud waard, is fan grutte wearde. Oar wurk fan Grotianus stiet yn Petkum (1694-1699), Bensersiel (1696) en Stedesdorf (1696). Fan Joachim Keyser út Jever, dy't de oargel fan Hohenkirchen (1694) boud hat, is dy fan Eilsum (1710) dêr't it oarspronklike prospekt (foarkant) en de kast fan bewarre bleaun binne.

Mei Arp Schnitger hat de barokke oargelbou yn Noard-Jeropa syn hichtepunt berikt. Hy hat ek yn Eastfryslân syn spoaren efterlitten. Yn Norden (1686-1693) stiet Schnitger syn twadgrutte wurk yn Dútslân, en is mei 46 registers tagelyk it grutste oargel fan Eastfryslân. Acht registers dy't Schnitger fan de âlde oargel fan Edo Evers (1618) brûkt hat, binne noch hieltyd bewarre bleaun en binne noch fan bysûndere kwaliteit. Fan de oargel yn de Joaristsjerke fan Weener binne der noch seis oarspronklike registers fan Schnitger oer. De oargels fan Schnitger yn de Luthertsjerke yn Lier, en yn Wittmund en Rastede waarden letter troch nijen ferfongen. De Nederlânske ynfloed op de Eastfryske oargelbou naam yn dy tiid ek ôf.

Schnitger-oargel yn Norden

Fan Schnitger syn learlingen hawwe yn Eastfryslân Christian Vater (1721-1722 yn Bockhorn en 1730-1731 yn Wiefelstede) en Gerhard von Holy (1710-1711 yn Dornum en 1711-1713 yn Marienhafe) oargels boud. Ek fan Friedrich Constabel (1738) is der noch in inkelde ynstrumint oer. De oargel waard ynearsten foar Bargebur boud, mar stie fan 1864 oant 1967 yn Hamswehrum, en waard dêrnei nei syn hjoeddeistige plak yn Jennelt brocht. Syn oargel yn Greetsiel (1738) waard yn 1914 foar in nij ynstrumint ferfongen, mar de oarspronklike oargelkast stiet der noch hieltyd. Yn 1760 sette Constabel noch útein mei de bou fan in nij oargel yn Funnix, mar waard yn 1762 reemakke troch Hinrich Just Müller, dy't fan oarsprong út Westfalen kaam. Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw wiene Müller út Wittmund en Johann Friedrich Wenthin út Emden tige warber mei de oargelbou yn Eastfryslân en waarden grutte konkurrinten. Wenthin syn oargel yn Groothusen (1798-1801) is it grutste oargel yn Krummhörn. Wenthin hat dêr gâns nije registers mei gâns nije lûden útfûn en in Jeropeesk keunstmonumint makke. Nijsgjirrich binne de fluitregisters út mahony en benammen de dwersfluit fan acht, fjouwer en trije fuotmjitten. Oare oargels fan Wenthin dy't fan 1774 oant 1805 yn Eastfryslân makke waarden, binne dy yn Backemoor (1783), Reepsholt (1788-1789) en yn Wolthusen (1790-1793). Fan Müller, dy't yn mear as 50 gemeenten wurke hat, binne de oargels fan Midlum (1766), Holtrop (1772), Nortmoor (1773-1775), Simonswolde (1777), Manslagt (1776-1778), Carolinensiel (1780-1781), Remels (1782), Middels (1784-1786), Neermoor (1796-1798) en Woquard (1802-1804). Christian Klausing (Herford yn Westfalen) hat in oargel yn Ochtersum (1734-1737) levere, dêr't de Westfaalske ynfloed op de Eastfryske oargelbou by te sjen is. Dirk Lohman út Emden hat in oargel yn Hage (1776-1783) boud en dêrfoar in pear registers út de santjinde eiuw brûkt. Fan Heinrch Wilhelm Eckmann binne der oargels yn Amdorf (1773) en Bagband (1774-1775).

Njoggentjinde iuw oant hjoed-de-dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Führer-oargel yn Bunde

De wichtichste Eastfryske oargelbouwer yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw wie Müller syn learling Johann Gottfried Rohlfs, dy't yn 60 gemeenten yn Eastfryslân warber wie, en in famyljebedriuw stifte hie. Fan him binne de oargels yn Bangstede (1794-1795), de Kristustsjerke yn Norden (1796-1797), Neustadtgödens (1796-1798), Barstede (1801), Veenhusen (1801-1802), Holtland (1810-1813), Nüttermoor (1815-1816), Wiesens (1820-1822), Böhmerwold (1828) en Roggenstede (1827-1833) te finen. It grutste oargel fan syn soan Arnold Rohlfs stiet yn de Magnustsjerke fan Esens (1848-1860), dy't ek de oargels fan Westerholt (1841-1842) en Siegelsum (1842-1845) boud hat. Yn de njoggentjinde iuw wiene der njonken Rohlfs de famyljebedriuwen fan Wilhelm Eilert Schmid en Gerd Sieben Janssen warber yn Eastfryslân, dochs dy koene net ta it nivo fan Müller en Wenthin mjitte. Janssen (Auwerk) learde de oargelbou by Rohlfs en sette de barokke grûnbegjinsels fan de oargelbou fuort. Mei it ombouwen fan de Larrelter oargel brûkte er guon âlde registers fan it foargongersoargel fan Johannes Millensis (1618-1619), en dêrtroch binne de oarspronklike renêssânse-lûden noch hieltyd te hearren.

Yn de earste helte fan de tweintichste iuw rûn de oargelbou tebek en wiene der gjin selsstannige oargelbouwers mear yn Eastfryslân. Der waarden guon pneumatyske oargels boud, sa as yn de Minnistetsjerke yn Norden (1900), Weenermoor (1906) en Etzel (1928). Yn it begjin fan de tweintichste iuw hat de oargelbeweging in grutte oandriuwing krigen fanwegen de grutte hoemannichte histoaryske oargels yn Noardwestdútslân. Dêr spilet de Schnitger-oargel yn Norden in wichtige rol by, dy't de earste oargel wie dat in beskerme monumint waard. It wurk fan Jürgen Ahrend út Loga by Lier is ek nijsgjirrich. Sûnt 1954, oant 1971 yn 'e mande mei Gerhard Brunzema fan Emden, waarden syn ophelpen en nijbou fan oargels ferneamd oer gâns de wrâld. Bekende oargels fan him binne te finen yn de Lambertustsjerke fan Auwerk (1960-1961) en de Luthertsjerke yn Lier (2002). Hjoed-de-dei binne der noch fiif oare oargelbouwers yn Eastfryslân: yn Norden (Bartelt Immer), Tannenhausen yn Auwerk (Regina Stegemann), Emden/Auwerk (Jürgen Kopp), Uplengen (Martin der Haseborg) en Stapelmoor (Harm Dieder Kirschner). Ek de firma fan Alfred Führer fan Wilhelmshaven hâldt him dwaande mei it ophelpen en ek nijbou fan oargels yn Eastfryslân, sa as dy fan de Grifformearde Tsjerke yn Bunde. Fan 2007 ôf stiet in Ingelsk oargel fan J.W. Walker (1844) yn Jemgum. Yn dat opsicht fan it Eastfryske Oargellânskip moat ek de oargel fan Stapelmoor (1997) neamd wurde. Dat oargel waard nei de Louis-Alexandre Clicquot-oargel (Houdan 1734) neimakke en is dêtroch it earste oargel fan Dútslân yn konsekwinte barokke Frânske styl.

Iepenstellen foar it publyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Organeum yn Weener

In wichtige oandriuwing foar it befoarderjen fan it Oargellânskip wiene it Doalert-Festval (1981-2003) en it wurk fan de Noarddútske Oargelakademy (fan 1977 ôf yn de Stins Bunderhee yn Bunderhee, hjoed-de-dei ferbûn mei de Hegeskoalle foar Keunsten yn Bremen), dy't beide troch Harald Vogel stifte en laat waarden. Fia Radio- en CD-opnamen en oare publikaasjes binne de Eastfryske oargels wrâldwiid bekend wurden en organisten oargelbouwers út gâns de wrâld oanlutsen. Hjoed-de-dei is it Organeum yn Weener it wichtichste oargelsintrum foar it ûndersyk en it fuortsterkjen fan de regionale oargelkultuer en biedt njonken konserten en oargelekskursjes en jout de moooglikheid ta wittenskiplik organologysk ûndersyk.

Elts jier wurde der yn de Liudgertsjerke yn Norden, de Luthertsjerke en de Grutte Tsjerke yn Lier, de Joaristsjerke yn Weener en yn Dornum konsertrigen holden. Sûnt 2001 waard de Krummhörner Orgelfrühling oprjochte. Ek yn it ramt fan de Musikalischer Sommer in Ostfriesland fine konserten plak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Winfried Dahlke: Orgelland Ostfriesland. Yn: Klangjuwelen. Band 2, 2020, S. 23–30.
  • Cornelius H. Edskes: Der Orgelbau im Ems-Dollart-Gebiet in Gotik und Renaissance. Yn: Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr. Nr. 2, 1978, S. 29–33.
  • Cornelius H. Edskes: Orgelbau in Ostfriesland heute. Yn: Ostfriesland. Zeitschrift für Kultur, Wirtschaft und Verkehr. Nr. 2, 1978, S. 33–34.
  • Cleveland Johnson: Ems-Dollart Region. Yn: Douglas E. Bush, Richard Kassel (Hrsg.): The Organ. An Encyclopedia. Routledge, New York, London 2006, ISBN 0-415-94174-1, S. 170–172 (online).
  • Walter Kaufmann: Die Orgeln Ostfrieslands. Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1968.
  • Walter Kaufmann: Oldenburg – Ostfriesland. Zur zweiundzwanzigsten Internationalen Orgeltagung vom 29. Juli bis zum 3. August 1974. Yn: Ars Organi. Band 22, Nr. 44, 1974, S. 1952–1958.
  • Uda von der Nahmer: Windgesang. Orgeln, Wind und Verwandte. Ostfriesische Landschaftliche Verlags- und Vertriebsgesellschaft, Auwerk 2008, ISBN 978-3-940601-03-2.
  • Ralph Nickles: Orgelinventar der Krummhörn und der Stadt Emden. Hauschild Verlag, Bremen 1995, ISBN 3-929902-62-1.
  • Ibo Ortgies: Die Praxis der Orgelstimmung in Norddeutschland im 17. und 18. Jahrhundert und ihr Verhältnis zur zeitgenössischen Musikpraxis. Göteborgs universitet, Göteborg 2007 (gbv.de [PDF; 5,4 MB] Erstausgabe: 2004).
  • Ibo Ortgies: Von den alten Orgeln: Die Orgellandschaft Ostfrieslands. Eine Einführung. Yn: Concerto. Band 5, VI/7–8, 1988, S. 12–18.
  • Fritz Schild: Denkmal-Orgeln. Dokumentation der Restaurierung durch Orgelbau Führer 1974–1991. Florian Noetzel, Wilhelmshaven 2005, ISBN 978-3-7959-0862-1 (2 Teile: Backmoor-Groothusen, Hage-Wiesens).
  • Fritz Schild: Orgelatlas der historischen und modernen Orgeln der Evangelisch-Lutherischen Kirche in Oldenburg. Noetzel, Wilhelmshaven 2008, ISBN 3-7959-0894-9.
  • Harald Vogel, Günter Lade, Nicola Borger-Keweloh: Orgeln in Niedersachsen. Hauschild, Bremen 1997, ISBN 3-931785-50-5.
  • Harald Vogel, Reinhard Ruge, Robert Noah, Martin Stromann: Orgellandschaft Ostfriesland. 2. Auflage. Soltau-Kurier-Norden, Norden 1997, ISBN 3-928327-19-4.
  • Harald Vogel, Reinhard Ruge, Stef Tuinstra: Wegweiser zu den Orgeln der Ems-Dollart-Region. 2. Auflage. Rautenberg, Lier 1992.
  • Die Ahrend-Orgel der Lutherkirche zu Leer. 2005. Amb 96869 (Wolfgang Zerer)
  • Dietrich Buxtehude: Orgelwerke. Vol. 5. 1993. MD+G L 3425 (Harald Vogel yn Pilsum, Buttforde, Langwarden, Basedow, Groß Eichsen).
  • Harald Vogel spielt 12 Orgeln in Ostfriesland. Edition Falkenberger. 2017, ISBN 978-3-95494-136-0 (wurk fan C. Paumann, J.P. Sweelinck, H. Scheidemann, G. Böhm, C.P.E. Bach)
  • Die Holy-Orgel der Marienkirche zu Marienhafe. 2001. Amb 97829 (Martin Böcker).
  • Les plus belles orgues. 1994. Analekta Classics, AN 28216-7, 2 CD (Antoine Bouchard yn Rysum, Osteel, Steinkirchen, Mittelnkirchen, Ganderkesee, Westerhusen, Dedesdorf).
  • Orgelland Ostfriesland. 1989. Deutsche Harmonia Mundi, HM 939-2 (Harald Vogel yn Norden, Uttum, Rysum, Westerhusen, Marienhafe, Weener).
  • Orgellandschaften. Folge 4: Eine musikalische Reise zu acht Orgeln der Region Ostfriesland (Teil 1). 2013, NOMINE e. V., LC 18240 (Thiemo Janssen yn Rysum, Osteel, Westerhusen, Marienhafe, Dornum und Agnes Luchterhandt in Uttum, Pilsum, Norden)
  • Orgellandschaften. Folge 6: Eine musikalische Reise zu acht Orgeln der Region Ostfriesland (Teil 2). 2 CDs, 2016, NOMINE e. V. (Winfried Dahlke yn Buttforde, Weener, Esens, Groothusen, Midlum, Böhmerwold, Manslagt, en Backemoor mei wurk fan J.S. Bach, D. Buxtehude, G. Böhm, J.L. Krebs, J.A. Holzmann, C.P.E. Bach, F. Mendelssohn û. o.).
  • Orgeln in Ostfriesland. Vol. 1. 1996. Organeum OC-09601 (Harald Vogel yn Osteel, Buttforde, Neermoor, Veenhusen, Groothusen).
  • Orgeln in Ostfriesland. Vol. 2. 1997. Organeum OC-09602 (Harald Vogel yn Rysum, Uttum, Norden, Marienhafe).
  • Orgels in de eems-dollard regio. Vol. 1. 1999. VLS VLC 0599 (Peter Westerbrink yn Dornum).
  • Orgels in de eems-dollard regio. Vol. 2. 2003. VLS VLC 0302 (Peter Westerbrink yn Marienhafe).
  • Vorbilder und Entwicklungen. Oargelmuzyk fan Sweelinck bis Bach. 2006. Ambiente, ACD-1023 (Ingo Bredenbach yn Hinte).
  • Jacob Praetorius: Motets & Organ Works. 1996. CPO 999215-2 (Harald Vogel yn Osteel).
  • Thomas Tomkins: Complete Keyboard Music. Vol. 4. 1996. MD+G 6070706 (Bernhard Klapprott yn Uttum).
  • Diskografie der Schnitgerorgeln yn Norden en Weener
  • Orgeln Ostfrieslands 1. 2005. Ostfriesland-Filme. DVD (skiednis en lûdfragminten fan de oargels yn Norden, Rysum, Hage, Victorbur, Strackholt, Riepe, Hinte, Dornum, Westerholt en Groothusen)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: