Springe nei ynhâld

Baltasar Oomkens fan Esens

Ut Wikipedy
De Junker-Balthasar-Brunnen yn Esens

Baltasar Oomkens fan Esens († 1540) wie in East-Fryske haadling fan Esens, Wittmund en Stedesdorf dy't hearske oer Harlingerlân. Hy stoar by de belegering fan syn kastiel yn Esens. Hy waard troch syn neifolgers as de lêste wiere Fryske frijheidsstrider beskreaun, hoewol't guon syn, sa't it like, net te sêdzjen nocht oan geweld ôfkarden.

Biografy en skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Baltasar Oomkens fan Esens wie de soan fan Hero Oomkens fan Esens, Hear fan Harlingerlân, en Armgard Grevinne fan Aldenboarch. De familie Oomkens hâlde ta yn East-Fryslân en yn it (Fryske) Oldambt yn de Grinzer Ommelannen.

Balthasar laat it ferwar fan de frije East-Fryske aristokrasy tsjin de protestantske famylje Sirksena, dy't besocht East-Fryslân ûnder har namme te ferienjen. Baltasar en syn heit bleaune trou oan de Katolike Tsjerke.

Troch Balthasars ferset bleau Harlingerlân in frije provinsje mei eigen rjochtsfoech oant it yn 1744 oan Freark de Grutte fan Prusen kaam troch fererving.

Balthasar Oomkens fan Esens is in populêre figuer by de Friezen bleaun. Hy wurdt yn 't generaal te binnen brocht as "Junker Balthasar" yn Esens (dat er yn 1527 stedsrjochten jûn hawwe soe), en der is dêre in jierliks festival ta syn eare.

Literatuer en boarnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Ubbo Emmius: Friesische Geschichte ("Rerum Frisicarum Historia"). Wörner, Frankfurt/M. 1981/1982 (7 Bde., werprint fan Leidske útjefte 1616).
  • Gerhard Anton von Halem: Geschichte des Herzogtums Oldenburg. Schuster, Leer 1974, ISBN 3-7963-0044-8 (Werprinte Bremen 1794).
  • Heinrich Friedrich Wilhelm Perizonius: Geschichte Ostfrieslands. Nach den besten Quellen bearbeitet. Schuster, Leer 1974, ISBN 3-7963-0068-5
  • Wolfgang Rohde (Hrsg.): Chronica van den groten daden der Graven van Oldenborch. Isensee Verlag, Oldenburg 1993, ISBN 3-89442-160-6 (1537).
  • Martin Tielke: Biographisches Lexikon für Ostfriesland. Ostfriesische Landschaft, Aurich 1993 (3 Bde.)