Evangelysk-Grifformearde Tsjerke yn Dútslân

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grutte tsjerke yn Lier

De Evangelysk-Grifformearde Tsjerke (Dútsk: Evangelisch-Reformierte Kirche) is in mei 20 leden (Landeskirchen) kalvinistyske tsjerke yn Dútslân dy't lid fan de Evangelyske Tsjerke yn Dútslân (EKD) is. De tsjerke hat syn haadketier yn Lier yn East-Fryslân en de haadtsjerke is de Grutte Tsjerke yn Lier.

De tsjerke hat in ledetal fan 168.537 ferspraat oer 143 tsjerkemienskippen (31 desimber 2019) en is ien fan de twa grifformearde tsjerken yn de EKD. Hy heart ek by de Konfederaasje Evangelyske Tsjerken yn Nedersaksen en sleat yn 2003 by de Uny fan Evangelyske Tsjerken oan. Boppedat is er lid fan it Grifformeard Bûn, de Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Jeropa en de Wrâldmienskip fan Grifformearde Tsjerken.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Evangelysk-Grifformearde Tsjerke is de iennichste tsjerke fan de EKD sûnder in ôfbeakene gebiet, om't er in minderheid foarmet. Grifformearde mienskippen ûntstiene almeast fan ûnderen ôf of waarden yn lytse foarstedommen ynfierd. De yndividuele gemeenten wiene gauris foar langere tiid hast folslein selsstannich. Hja sleaten harren yn it iere begjin, as it nedich wie, by oare tsjerkeferbûnen oan. In útsûndering is de grifformearde gemeente fan Lippe, dêr't in mienskiplike lânstsjerke (Landeskirche) al sûnt de Reformaasje foarme waard.

De grifformearde tsjerken yn it Greefskip Bentheim en East-Fryslân wiene foar in lange tiid nau ferbûn mei Nederlân, dy't in beskerming foar it Prinsbisdom Múnster oer foarme.

De griffformearde mienskippen dy't yn 1817 by Prusen hearden, sleaten harren op it hjitten fan de kening oan by de Uny fan lutherske en grifformearde gemeenten (Prusyske Uny). Sa hearre in soad grifformearde tsjerken yn it hjoeddeistige Noardryn-Westfalen op grûn dêrfan ta de respektivelike lânstjerke ynstee ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke. Feriene binne de evangelyske lânstsjerken fan Anhalt, Baden, Berlyn-Brandenburch-Silezyske Opperlausitz, Bremen, Hessen-Nassau, Kurhessen-Waldeck, Middútslân, de Palts, Rynlân en Westfalen. Sa lizze hast alle tradisjonele grifformearde mienskippen yn Dútslân yn gebieten fan feriene lânstsjerken. De iennige útsûnderings dêrta binne it eardere lân Lippe en it noardwesten fan Dútslân. Yn Beieren binne der twa tradisjonele grifformearde gemeenten; de measte fan de hjoeddeistige gemeenten ûntstiene troch flechtelingen sûnt de sechtjinde iuw sa as benammen Hugenoaten.

Fan 1834 ôf krige de Nederlânske dûmny Hendrik de Cock in soad oanhing yn benammen it Greefskip Bentheim en East-Fryslân en dêrnei ûntstie de Evangelysk-âldgrifformearde tsjerke yn Nedersaksen.

De Evangelyske-grifformearde tsjerke waard yn 1989 yn syn hjoeddeistige foarm oprjochte. De measte grifformearde gemeenten, dy't hjoed-de-dei ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre, lizze yn it Greefskip Bentheim, it westen fan East-Fryslân, wylst der in stikmannich ferspraat lizze oer Nedersaksen en Beieren. Fierder binne der inkelde gemeenten yn Baden-Wuertemberch (Stuttgart), Bremen (Rekum, Bremerhaven), Hamburch, Meklenburch-Foarpommeren (Bützow), Saksen (Chemnitz-Zwickau, Leipzig) en Sleeswyk-Holstein (Lübeck) dy't ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre. Yn de regel binne der yn deselde plakken ek pleatslike lutherske tsjerken dy't feriene binne yn in lânstsjerke. Dêrnjonken binne der grifformearde gemeenten yn Dútslân dy't net ta de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke hearre, dochs binne allegear, lykas de Evangelysk-Grifformearde Tsjerke, lid fan it Grifformeard Ferbûn, in oerkoepeljend ferbûn dêr't alle grifformearde tsjerken yn Dútslân ûnder falle.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: