Springe nei ynhâld

Akwadukt De Geau

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Geau-akwadukt)
Akwadukt De Geau, maaie 2008
Akwadukt De Geau yn oanbou

Akwadukt De Geau is in akwadukt yn de Geau by Snits.

It akwadukt leit east fan de brêge oer de Geau yn de rûnwei Snits oanslutend op de A7. It waard yn april 2008 iepensteld foar it dyk- en farferkear. It akwadukt is ien fan de fiif akwadukten dy't diel út meitsje fan it Fryske Marrenprojekt en hat krektas it Houkesleat Akwadukt as doel ferbettering fan Rykswei 7 en de berikberheid fan Snits oer wetter. It foarmet boppedat in alternative farrûte foar it Prinses Margrietkanaal.

It wurk oan it akwadukt duorre fan 2006 oant medio 2008. Op 12 april 2008 gie it westlike diel fan Boalsert rjochting De Jouwer tydlik iepen foar it ferkear. In wike letter, 19 april giet de oare rjochting iepen fan de Jouwer nei Boalsert. Op 20 april giet dan alle ferkear ûnder it akwadukt troch.

Der is in nije wetterrin groeven, sadat it yn gebrûk nimmen fan it akwadukt de rin fan de Geau nei it noarden ferlein is. It akwadukt makket diel út fan in tunnel dy't ek ûnder de Súdwesthoekewei (Snits-Drylts) rint en ûnder it spoar Ljouwert-Starum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]