Folkswein

Ut Wikipedy
Folkswein (Volkswagen)
algemien
nasjonaliteit Dútsk
type publyk
sektor automerk
haadkertier Wolfsburg (Nedersaksen)
oprjochte 1937
oprjochter Deutsche Arbeitsfront
mem Volkswagen AG
sifers
omset $244.985.000.000 (2014)
winst $13.393.000.000 (2014)
wearde $424.982.000.000 (2014)
aktyf yn hiele wrâld
wurknimmers 589.000 (2015)
offisjele webside
www.vw.com

Folkswein (Dútsk: Volkswagen, gauris ôfkoarte ta VW) is it wichtichste automerk fan 'e Dútske autoprodusint Volkswagen AG. It bedriuw waard yn 1937 oprjochte en is fêstige yn Wolfsburg, yn 'e dielsteat Nedersaksen. Oarspronklik waard mei dit automerk úteinset om 'e hiele Dútske befolking fan in eigen persoane-auto te foarsjen (dêrfandinne de namme). Folkswein is hjoed oan 'e dei de op ien nei grutste automakker fan 'e wrâld en hat trije auto's yn 'e top 10 fan bêst ferkeapjende automodellen aller tiden: de Folkswein Kever, de Folkswein Golf en de Folkswein Passat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar de Folkswein as betelbere kwaliteitsauto foar it hiele folk kaam fan 'e Eastenrykske yngenieur Ferdinand Porsche, dy't dêr al mei omrûn sûnt 1922. Gjin inkele doetiidske autoprodusint seach dêr lykwols brea yn, en by Mercedes-Benz betsjutte it sels de ein fan syn wurkferbân doe't er deroer begûn. Neitiid besocht Porsche syn dream by NSU en Zündapp te ferwurklikjen, dêr't in stikmannich prototypes produsearre waarden. Uteinlik begûn er lykwols foar himsels, en yn 1934 krige er fan Adolf Hitler de opdracht om in Kraft durch Freude-auto te ûntwerpen foar it Dútske folk. Dêroan waarden strange betingsten steld, mar Porsche, dy't al jierren mei syn ideeën ompielde, koe dêrfoar weromfalle op earder wurk. Op 12 oktober 1936 presintearre er trije ridende prototypen, dy't doe al de karakteristike foarm fan 'e lettere Folkswein Kever hiene.

De Folkswein Kever.

Om't de iennichste twa beskikbere autofabriken yn Dútslân, die fan Opel en fan Ford, net folslein yn Dútsk besit wiene, oardere Hitler dat der troch it Deutsche Arbeitsfront foar de produksje fan 'e nije persoane-auto ek in nij fabryk boud wurde moast, by Fallersleben, yn noardlik Midden-Dútslân. De finansiering fan 'e nije auto soe troch in sparsysteem troch it Dútske folk byinoar garre wurde, en by it nije fabryk soe ek in nije stêd ferrize, dêr't de fabryksarbeiders en harren gesinnen húsfêste wurde soene. Dy stêd waard de Stadt des KdF-Wagens bei Fallersleben neamd, mar kaam neitiid Wolfsburg te hjitten, nei de namme fan in kastiel deunby.

Yn 1937 waard de autoprodusint Folkswein (Volkswagen) troch it Deutsche Arbeitsfront oprjochte. De earste stien fan it nije fabryk waard yn 1938 troch Hitler sels lein, en yn 1940 rôlen de earste Folksweinen fan 'e rinnende bân. It fabryk wie ûnbidige grut, en koe jiers sa'n 800.000 auto's produsearje, dy't elts 1.400 Reichsmark kosten. Lykwols waarden der mar in pear hûndert persoane-auto's produsearre, want ûnderwilens wie de Twadde Wrâldoarloch útbrutsen, en it Folksweinfabryk moast oerskeakelje op oarlochsproduksje. Under de oarloch produsearre it fabryk û.m. de Kübelwagen, in troch Porsche en Erwin Komenda ûntwurpen legerfiertúch op it sjassy fan in Kever, en letter waard der ek de Schwimmwagen makke, in amfibyfiertúch. Fierders waarden der fleantugen reparearre en raketten produsearre.

It Folkswein Type 2-bestelbuske.

Nei de Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't Wolfsburg en it Folkswein-fabryk oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Alliëarden swier bombardearre waarden, moast Folkswein nei de oarloch alhiel op 'e nij begjinne. Under it tafersjoch fan 'e Britske besettingsmacht, dy't mei in tekoart oan legerfiertugen kampte, waard it fabryk wer opboud en de produksje wer opstart. Dêrnjonken waard tastien dat der ek wer persoane-auto's makke waarden, en yn 1946 rôlen der al wer tûzen Kevers de moanne fan 'e rinnende bân, nettsjinsteande it feit dat it dak fan it fabryk doedestiden noch altyd totaal ferrinnewearre wie. It fabryk waard troch de Britten te keap oanbean oan Britske, Frânske en Amerikaanske autofabrikanten, mar nimmen dy't wat seach yn it aparte bolle autoke. Dêrop gie it fabryk selsstannich troch, yn 't earstoan ûnder de namme Wolfsburg Motor Works, mar letter as Volkswagen.

Fan 'e ein fan 'e 1940-er jierren ôf ûntjoech Folkswein him troch betûft belied en treflike ûntwerpen stadichoan ta ien fan 'e foarnaamste automakkers fan Dútslân en nei ferrin fan tiid ek fan 'e wrâld. De ferneamde Folkswein Kever waard netttsjinsteande it aparte uterlik ien fan 'e meast súksesfolle modellen út 'e skiednis fan 'e auto-yndustry, en bleau foar in diel oant 2001 (mear as fyftich jier) yn produksje. Fan 1955 makke karosserybouwer Karmann, út Osnabrück, dêrnjonken de Karmann Ghia op in justjes ferbrede Kever-sjassy. In oar súksesferhaal wie it Folkswein Type 2-bestelbuske, dat fan 1968 oant 2013 yn produksje wie. De Folkswein Passat (sûnt 1973), de Folkswein Golf (sûnt 1974), de Folkswein Polo (sûnt 1975) en de Folkswein Jetta (sûnt 1979) wiene oare tige súksesfolle modellen.

De Folkswein Golf II.

Yn 1975 waard de holding Volkswagen AG oprjochte om it almar úttynjende Folkswein bestjoerlik yn ûnder te bringen. Dat is in ynternasjonaal automobylconcern dêr't behalven Folkswein ek de Dútske automerken Audi en Porsche, it Tsjechyske Škoda, it Ingelske Bentley, it Spaanske Seat en de Italjaanske merken Lamborghini, Bugatti en Ducati ûnder falle. Dêropta hat Volkswagen AG ek alle oandielen yn 'e hannen fan it frachtweinmerk Scania en in mearderheidsbelang yn MAN. Njonken persoane-auto's en lichte bedriuwsweinen produsearret Folkswein tsjintwurdich yn Súd-Amearika ek frachtweinen, mei as bekendst model de Folkswein Constellation.

Emisjeskandaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 2015 ûntstie der in grut skandaal doe't bekend waard dat Folkswein op grutte skaal fraudearre hie troch saneamde sjoemelsoftware yn 'e autokompjûters fan syn modellen yn te bouwen. De kompjûter soe dan waarnimme kinne wannear't de auto ûnderwurpen waard oan in emisjetest, en oerskeakelje nei in spesjaal softwareprogramma dat de auto foar eventsjes in stik suniger ride liet, mei as gefolch in folle legere emisje fan skealike stoffen. Wrâldwiid binne sa'n 11 miljoen auto's mei sokke sjoemelsoftware tarist. De CEO fan Folkswein, Martin Winterkorn, moast fanwegen dit skandaal opstappe. Folkswein hat €6,3 miljard reservearre om eventuële boetes mei te beteljen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.