Audi

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Audi-logo
Aktuele modellen

Audi is in Dútsk automerk dat yn 1899 oprjochte waard ûnder de namme Horch troch de eks-Benz-wurknimmer August Horch en in stikmannich fan dy syn maten. Nei tsien jier wie de gearwurking dien, en August Horch moast sûnder de merknamme Horch fierder. Horch is Dútsk foar "harkje" of "lústerje", en Audi is dêr de Latynske oersetting fan.

Audi is fêstige yn Ingolstadt, yn 'e dielsteat Beieren. Diesel makke in trochslach by Audi mei de oerbekende pompferstowertechnyk "TDI". Dêrnjonken kaam Audi yn de jierren '90 mei saken as in aluminiumkarrossery en massaprodusearre auto's.

Yn 1965 waard Audi oernommen troch Folkwein, en sûnt 1975 makket it diel út fan 'e holding Volkswagen AG. Dat is in ynternasjonaal automobylconcern dêr't behalven Folkswein en Audi ek it Dútske Porsche, it Tsjechyske Škoda, it Ingelske Bentley, it Spaanske Seat en de Italjaanske merken Lamborghini, Bugatti en Ducati ûnder falle.

Audi docht mei oan de LeMans 24 oeren race en de DTM.

Audi fabriken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ingolstadt (Dútslân) (haadôfdieling) - Audi A3, Audi A4, Audi Q5
  • Neckarsulm (Dútslân) - Audi A6, Audi A8. Quattro GmbH is hjir ek fêstige dy't de Audi R8 en RS-modellen makket.
  • Brussel (Belgje) - Audi A3 Sportback, letter de Audi A1
  • Győr (Hongarije) - Audi TT, Audi A3 Cabriolet. Hjir wurde ek motoren makke.
  • Bratislava (Slowakije) - Audi Q7

Nije modellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde modellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Audi – foto, fideo en harktriemmen