Strjitten yn Surhústerfean
Appearance
De strjitten yn Surhústerfean binne:
- Baansein - ein fan de baan, it kearpunt.
- Barthelomeus Jacobus Schurerwei - Barthelomeus Jacobus Schurer (1792-1888) wie begjin 19e iuw in markante en sintrale figuer yn Surhústerfean. Hy wie ûnder mear it earste haad fan de legere skoalle (fan 1812-1863) fan Surhústerfean.
- Badleane - nei in oan dizze wei lizzend swimbad.
- Baggelkamp - De baggel wie in platte, swiere, swarte turf, dy't hjir seker stutsen/makke is en ôffierd waard, fansels per skip/skûte.
- Ballêster - berop yn de turfgraverij.
- Blauknopke - plant sy't foarkomt yn it feangebiet.
- Blauhústerwei - te Blauhûs, in bepaald streekje besuden Surhústerfean. Hjir wie eartiids in (tol)hûs by de brêge oer it Dwersdjip.
- Blêdmoas - plant sy't foarkomt yn it feangebiet.
- Blomkamp - nei de plantsoenearring by it tichtbylizzende aldereinsintrum
- Boelenswei - haadstrjitte nei Boelensloane.
- Boskbei - plant sy't foarkomt yn it feangebiet.
- Beamfalk - nei de fûgel beamfalk
- Brânlân -
- Burmaniastrjitte - Tjaard van Burmania wie ridder yn it Hof fan Fryslân en ien fan de earste ferfeanters. It kleaster yn Surhústerfean ferkocht him yn 1517 in diel fan syn besit ten suden fan Suiderhuisen (Surhuzum) en hy liet dêr de feart grave.
- Compagnie - De Kompanjy wie ferantwurdlik foar de ôfgraving en de wetterlopen yn it feangebiet. Yn de jierren 1600 wie der yn Surhústerfean in Compagnijedjip, dat ltter blykber Kompanjysdjip neamd waard. It Kompanjysdjip hat yn of by de hjoeddeiske wyk de Draai rûn.
- Dalgrûn - ôffeante grûn
- Dalwei - de wei leit yn in leech stik terrein.
- De Alde Jirden - lanlik wannelpaad, in jird is in âlde Fryske lânmaat ( roede )
- De Buizerd - Nederlânske namme foar mûzefalk.
- De Dellen - Surhústerfean waard om 1760 hinne yn stikken ferdield. De Grutte Kompanjy, de Lytse Kompanjy en De Dellen. Ta De Dellen hearde it grûngebiet beëasten de Warreboskleane oant Koartwâld en Ophûs.
- De Akster - rôffûgelnamme.
- De Fazant - fûgelnamme fazant.
- De Fink - fûgelname wilewarl.
- De Fjouwer Roeden -
- De Gaai - fûgelsoarte gaai.
- De Grienling - fûgelsoarte grienling.
- De Hauk - fûgelsoarte hauk.
- De Houtdo - fûgelsoarte houtdo.
- De Kamp Naar de kampsgewijze bebouwing.
- De Ketting - út de folksmûle sûnt ûnheuchlike tiden. De oerlevering wol, dat de grins tusken Fryslân en Grinslân yn it fiere ferline ôfsluten wie mei in keatling.
- De Kim - ek: klim, bepaalde dikte fan it heechfean.
- De Kolk - nei de eardere kolk of slûs.
- De Koalmies - fûgelname koalmies.
- De Ljurk - fûgelnamme ljurk.
- De Leien - Yn de 17e iuw waarden de ôfgroeven terreinen dêr't Skuzum op boud is, de Leien neamd. De namme betsjut dalgrûn, ôffeante grûn.
- De Merel - Nederlânske namme foar de swarte lyster.
- De Nachtegeal - fûgelsoarte nachtegeal
- De Omrin - De Omrin, earder buorskip; yn 1642 kaam hjir al de namme "Omloopsterdjip" foar.
- De Readboarst - fûgelsoarte Readboarst
- De Spjocht - fûgelsoarte spjocht.
- De Sparwer - rôffûgel sparwer.
- De Spreeuw - Nederlânske namme foar protter.
- De Wielewaal - Nederlânske fûgelnamme foar gielegou
- De Wyk - in wyk is in sydfeart fan in kanaal.
- De Sweal - fûgelnamme swel.
- Dimpte Feart - de feart dy't troch Surhústerfean rûn waard yn 1934-1934 tichtsmiten.
- Dokter Keijserstrjitte - Dokter Keyser wie begjin 20e iuw arts yn Surhústerfean.
- Dr van Kammenstrjitte - de genêshear Van Kammen hat in grut oandiel hân yn de tastânkomming fan de dimping fan de Kolk, dimpt oant De Dellen.
- Ds Boekholtstrjitte - Dûmny Joh. Melchior Boekholt wie de earste N.H. predikant yn Surhústerfean fan 1688-1707.
- Eisingarak - It Eisingarak ferwiist nei jonkhear Tjalling fan Eisinga ( grytman fan Menameradiel ), dizze hie fean kocht mei Jacob Runia fan Ljouwert en dokter Assuerus fan Viersen ( rintmaster fan de domeinen ). Troch harren waard it fean tusken it Compagniesdjip en de Bauke Wyk ôfgroeven en fia dwerswiken as de Gaabe Wyk, Haaije Wyk, Eisingarak en de Jonkers Wyk ôffierd.
- Feanbei - plant sy't foarkomt yn it feangebiet.
- Feanterij - in feanterij is turfwinning.
- Ferlaatsdaam - in ferlaat is in slûs en slûzen sille hjir grif west hawwe en ek damen sille in grutte rol spile hawwe.
- Fermaning - âlde namme foar de doopsgesinde tsjerke fan Menno Simons.
- Fjouwerhûsterwei - Fjouwerhuzen wie in buorskip.
- Floeifjild - earder besinkfjild fan it pleatslike bûterfabryk.
- Foksepôle - heidesoarte út eardere tiden en in histoaryske namme, dy't al foarkomt op in kaart fan Schotanus út 1688.
- Fossemastrjitte - de bruorren Luel en Igo Fossema hearden ta de earste ferfeanters fan Surhústerfean. Mei de Van Voorts waard op 28 augustus 1476 in kontrakt sluten mei it kleaster yn Gerkeskleaster oer de ferfeanting fan de grûnen (heechfean) ten suden fan Surhuzum.
- Grinswei De grins tusken de provinsjes Fryslân en Grinslân leit hjir sawat.
- Grytmanstrjite - By dizze strjitte stie eartiids it hûs fan de grytman.
- Grinzerstrjitte - rint oant de grins mei de provinsje Grinslân.
- Havenstrjitte - De haven waard yn de tiid fan de ferfeanting in soad troch turfskippers brûkt.
- Heideleane - nei de eardere heide yn de omkriten en it noch oanwêzige heidefjildsje.
- Hurdrider - reedride, hurdrider.
- Jan Binnesleane - Jan Binnes Hulshoff wie yn 1874 foarsitter fan it foarearste bestjoer ta oprjochting fan in wetterskip, yn it plak fan de Kompanjy, dy't ûnder oare de ôfwettering en soaksoarte fersoarge hie. It wetterskip kaam der op 1 jannewaris 1877 en J.B. Hulshoff waard de earste foarsitter.
- Johan Ter Schoelewei - Johan ter Schoele wie ek ien fan de earste ferfeanters. Hy waard yn 1530 opsichter oer de turfgravers en skepers.
- Kleasterstrjitte - De feanen en lannen yn dizze omkriten hearden eartiids by it Gerkeskleaster.
- Kleasterfean - ferwiist nei it fean dat yn besit wie fan kleasterlingen en rtroch muontsen ôfgroeven waard.
- Koarstmoas - koarstmoas
- Koartwâld - Oantinken oan de ferdwûne parochy Koartwâld
- Koop Kuiperswei - Koop Kuipers wie in bou-ûndernimmer en in sintrale figuer yn de mienskip fan Surhústerfean en de gemeentlike polityk. Hy hat ûnder mear dizze wei oanlein.
- Koarteleane -
- Laak - wjittering, wetterrin (ferwizing nei de Lauwers as grinsrivier tusken de provinsjes ).
- Lange Streek - reedriderstechnyk.
- Lange Turf - turfsoarte.
- Langeleane - fan grutte lingte.
- Langhof - nei in stik lân dat hjir earder lei.
- Lauwerswei - it streamke de Lauwers, dat hjir yn de buert ûntstiet en útkomt yn de Lauwersmar.
- Liny - Line, grins of evender.
- Meander - Kronkeljend beekje of rivierke. Strjitte yn de omjouwing fan it streambgebiet fan de Lauwers.
- Mark - grinsgebiet.
- Master Klokmanstrjitte - Master Klokman wie it earste haad fan de kristlike skoalle yn de buert fan duizze strjitte.
- Molewei - wei nei de mûne fan Koartwâld.
- Munnikestrjitte - nei de muontsen fan Gerkeskleaster, dy't foar 1576 al dwaande wienen mei de ferfeanting fan dizze streek.
- Nije Jirden- ûntslutingswei om de Kolk te ûntlêsten en as tagong nei de parkearterreinen efter de Kolk. De namme is in oantinken oan it tichtby lizzende lanlike wannelpaad de Oude Jirden. In jird is in âlde Fryske lânmaat (roede).
- Oplizzer - berop yn de turfgraverij.
- Roailine - rjochtline wêrbinnen gebouwen setten wurde en de grins oanjout mei de iepenbiere wei.
- Piket - Houten pealtsje dat by it útsetten fan it bestek bedoeld is om in bepaald punt fêst te lizzen.
- Seam- râne fan in boak of rivier.
- Setfjild - plak om turf te drûgjen.
- Sinneweide - rint lâns it boarters- en sinnefjild fan it swimbad.
- Skeakel - "trochbraak" fan de Jan Binnesleane ôf nei de Badleane en is de fyts- en wannelferbining fanôf de Jan Binnesleane /Toerplein nei it swimbad.
- Skieding - rint op de skieding fan Fryslân en Grinslân.
- Skoalpaad - Paad tusken de Grinzerstrjitte en de Langeleane. Hjiroan stiene earder de iepenbiere beukerskoalle, no sit hjir de fêstiging berneopfang Achtkarspelen.
- Slotstrjitte - nei in slot dat stie dêr't no it Blauhûs is, waard bewenne troch jonkhear Boelens van Eisinga.
- Stikker - berop yn de turfgraverij.
- Surventoleane - dizze dyk wie yn 1961 de tagongswei nei it terrein fan in grut opsetten tentoanstelling "Survento 25". De Survento waard foar it earst hâlden yn 1936 ( 30.000 besikers ) -
- Swettesleat - grinssleat.
- Switserleane - oantinken oan de 'Switserske mennisten" dy't om 1700 in fêstiging yn Surhústerfean hienen en de doop betsjinnen troch ûnderdompeling yn in hjir yn de omjouwing lizende poel. De namme "Switserske Mennisten" komt grif út de folksmûle. De krektheid fan dizze oantsjutting is lykwols net wis. Mooglik is ek, dat dizze groep flechtsjende kristenen oantsjuten wurde moat as piëtyske "Brüder", kommend út Schwarzenau (Eastenryk) en/of Würtenberg. Dizze groep is foar de ekonomyske ûntwikkeling fan Surhústerfean wol fan bestjutting west. Se heinen in grutte ynfloed op de fierdere ferfeanting en de hannel út dy tiid.
- Taeke Schuilengaleane - Taeke Schuilenga wie in foaroansteand fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy waard op 4 novimber 1943 fusillearre troch de Dútsers.
- Toerplein - Plein oan de foet fan de Feanster Toer.
- Toerfalk - fûgelnamme toerfalk.
- Trochrinner - type redens.
- Van Duinenstrjitte - Dûmny Tonnids van Duinen wie N.H. predikant yn Surhústerfean fan 1841-1847.
- Van Voortstrjitte - Matthias van Voort wie ek ien fan de earste ferfeanters yn Surhústerfean.
- Verkerckstrjitte - Antonius Verkerck wie ek in pionier op it mêd fan de ferfeanting om 1576 hinne.
- Wamelbosk - heidesoarte fan eartiids en in histoaryske namme, dy't foarkomt op in kaart fan Schotanus út 1688.
- Warreboskleane - eardere heidesoarte ûnder Surhústerfean.
- Wyldfjild - de streek, dy't sûnt ûnheuchlike tiden it Wyldfjild neamd wurdt.