Koartwâld (mûne)

Ut Wikipedy
Feanstermûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Surhústerfean
adres Koartwâld
koördinaten 53° 11' N 6° 10' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 18,70 meter
boujier 1864; achtkant 1990-1995
oare ynformaasje
eigner Gem. Achtkarspelen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 511200 [1]
Webside
Side Feanstermûne
Kaart
Koartwâld (Fryslân)
Koartwâld

De mûne Koartwâld, ek de Feanstermûne neamd, is in nôtmûne yn Surhústerfean (westlik part fan de buorskip Koartwâld), yn de gemeente Achtkarspelen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûne, in houten achtkante stellingmole op stiennen ûnderbou en dekt mei reid, hat in flecht fan 18,70 meter en in stellinghichte fan 6,20 m. De mûne waard yn 1864 boud as ferfanger fan in standermûne, dy't it jier dêrfoar ôfbaarnd wie. Foar 1905 waard yn Koartwâld inkeld rogge meald. Yn 1906 krige de mûne selsswichting op beide roeden. In jier letter waard yn de mûne in piteroaljemotor set, om ek by in bytsje wyn mealle te kinnen. Dy waard letter ferfongen troch twa diselmotors, in twatakt-Bronsmotor (1933) en in Diesel McLaren-trijesilinder (1943).

De mûne krige yn 1944 in nije roede, de lêste dy't troch de firma Gebroeders B. Pot út Kinderdijk makke waard. Dy hat net lang draaid: yn 1946 ferlear Koartwâld syn wjukkekrús, kape en sturt, doe't by in swiere stoarm de kleppen fan it selsswichtingssysteem tichtblaasd waarden. De mûne waard net wersteld en rekke lang om let yn ferfal.

In 1990 waard op inisjatyf fan de Stifting Feanstermoune, dy't wyls eigener wurden wie, begûn mei de restauraasje fan Koartwâld. Dêrby waard ek de masinekeamer mei de dieselmotors hielendal wersteld, wat de mole teffens ta in yndustrieel monumint makket. De nije boppe-as fan Koartwâld wie earder ûnderdiel fan de yn 1964 ôfbaarnde Puurveense Mole yn Kootwijkerbroek. Foar syn nije tapassing moast hy in stikje ynkoarten wurde. Op 30 septimber 1995 waard de restauraasje fan Koartwâld offisjeel foltôge.

De mole is oanwiisd as ryksmonumint en kin alle sneontemoarnen besichtige wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: