De Vluchtheuvel (Surhústerfean)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Vluchtheuvel
Surhústerfean, De Vluchtheuvel.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Coat of arms of Achtkarspelen.jpg Achtkarspelen
plak Surhústerfean wapen.svg Surhústerfean
adres Koarteloane 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 20e iuw
webside Side De Vluchtheuvel

De Vluchtheuvel is de namme fan de Baptistengemeente yn Surhústerfean. De gemeente hat syn tsjerklik sintrum oan de Koarteloane.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De gemeente waard yn 1983 stifte en begûn as in bibelstúdzjegroep. De earste tsjnsten fûnen op jûntiid plak yn de fermanje fan Surhústerfean. Yn de jierren 1990 waard in aula fan it Lauwerskolleezje hierd. De tsjinsten fûnen no oerdei plak en der ûntstie romte foar in sneinsskoalle foar bern.

Yn 2001 waarden foar de jonge en waaksjende gemeente de gebouwen fan de earder sletten kristlike basisskoalle It Fondemint oankocht. Dy gebouwen binne dêrnei geskikt makke om as tsjerke tsjinst te dwaan. De earste tsjinst waard op 8 juny 2001 fierd.

De baptisten fierden op 15 novimber 2008 it 25-jierrich jubileum fan harren gemeente yn Surhústerfean.[1]

De leden fan de gemeente komme rûnom wei en De Vluchtheuvel is wat dat oanbelanget in echte streekgemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: