Springe nei ynhâld

Museumpleats Ot en Sien

Ut Wikipedy
Museumpleats Ot en Sien

Museumpleats Ot en Sien is in museum yn Surhústerfean dat in byld jout fan hûndert jier lyn. Der is in winkeltsje, skoaltsje en in dokterspraktyk. It museum hat ek in kapwein dy 't brûkt wurdt foar útstapkes. Der kinne âlde spultsjes dien wurde as 'gattetsiis', pluimert, spiraal, klompepul. By moai waar kinne bern steltrinne, hoepelje, topjeije of knikkerje en kin in speurpuzeltocht folge wurde.

It museum siet earst yn Boelensloane. De oprjochters wiene yn 2007 Jacques en Thecla Scheepbouwer. Yn 2009 waard it museum oerdroegen oan Johanna en Sjirk Pitstra.

Ot en Sien binne bern yn de ferhalen fan Hendericus Scheepstra en Jan Ligthart. Ot en Sien libje begjin 20e iuw op it Drintske plattelân. De rige boekjes hawwe titels as Nog bij moeder, Pim en Mien, Buurtkinderen en De wereld in.

De populariteit fan Ot en Sien kaam mei troch de yllustrator fan de verhalen, Cornelis Jetses. Dy makke ek de tekeningen foar it lêsplankje fan Hoogeveen, it ferneamde aap, noot, mies.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: