Springe nei ynhâld

Boekhannel Douma

Ut Wikipedy
Boekhannel Douma
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
typeprivaat
sektorboekhannel
fêstige ynSurhústerfean (Fryslân)
oprjochte1945
opdoekt2019
eignerJoop Douma

Boekhannel Douma (Nederlânsk en offisjeel: Boekhandel Douma) wie in Fryske boekhannel yn Surhústerfean. It bedriuw bestie fan 1945 oant 2019.

Boekhannel Douma waard ein 1945 oprjochte troch de Surhústerfeanster boekferkeaper Douma. Begjin 1980-er jierren waard it bedriuw oernommen troch dy syn soan Joop Douma, dy't de boekhannel krapoan fjirtich jier dreau. Untlêzing, it feit dat de skoalbern tsjintwurdich harren stúdzjeboeken by grutte distributeurs oanskaffe en brekme oan in opfolger beklonken úteinlik it lot fan Boekhannel Douma. De winkel gie op 2 febrewaris 2019 foargoed ticht. It wie tsjin dy tiid ien fan 'e lêsten fan syn soarte yn Fryslân: in selsstannige boekhannel sûnder webside.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: