Springe nei ynhâld

Jakobtsjerke (Droegeham)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jakob Tsjerke (Droegeham))
Jakobtsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
adres De Sannen 22
koördinaten 53° 12' N 6° 07' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1968
Webside
Side PKN Droegeham
Kaart
Jakobtsjerke (Fryslân)
Jakobtsjerke

De Jacobtsjerke is ien fan 'e twa tsjerkegebouwen fan 'e protestanske gemeente fan Droegeham.

De earste tsjerke foar de ôfskieden gemeente stie oan in paad nei de Westerein. Foar de tsjintwurdige tsjerke oan 'e Sannen oer, waard yn 1842 in nij tsjerkje boud, dat yn 1851 nochris ferfongen waard, oant yn 1877 oan 'e oare kant fan 'e wei in nije tsjerke boud waard.

De tsjintwurdige Jakobtsjerke ferfong yn 1967 in âldere tsjerke op it plak út 1877 en waard yn 1981 ferboud en fergrutte. Fan 'e tsjerke út 1877 bleau de gevelstien ta oantinken fan 'e earste stienlizzing yn 'e muorre fan 'e moderne tsjerke bewarre.

De namme fan 'e tsjerke ferwiisd nei it mozayk oan 'e muorre, dat de sliepende Jakob en de ljedder nei de Himel mei twa ingels útbyldet.[1]

It oargel op 'e kreake waard yn 1981 troch de Grinslânske firma Mense Ruiter boud.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: