Jakobtsjerke (Droegeham)

Ut Wikipedy
Jakobtsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Droegeham
adres De Sannen 22
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
keatling 1968
offisjele webside
Side PKN Droegeham

De Jacobtsjerke is ien fan de twa tsjerkegebouwen fan de protestanske gemeente fan Droegeham.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste tsjerke foar de ôfskieden gemeente stie oan in paad nei de Westerein. Foar de tsjintwurdige tsjerke oan De Sannen oer, waard yn 1842 in nij tsjerkje boud, dat yn 1851 nochris ferfongen waard, oant yn 1877 oan de oare kant fan de wei in nije tsjerke boud waard.

De tsjintwurdige Jakobtsjerke ferfong yn 1967 in âldere tsjerke op it plak út 1877 en waard yn 1981 ferboud en fergrutte. Fan de tsjerke út 1877 bleau de gevelstien ta oantinken fan de earste stienlizzing yn de muorre fan de moderne tsjerke bewarre.

De namme fan de tsjerke ferwiisd nei it moazayk oan de muorre, dat de sliepende Jakob en de ljedder nei de Himel mei twa ingels útbyldet.[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel op de kreake waard yn 1981 troch de Grinslânske firma Mense Ruiter boud.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: