Boelensstate

Ut Wikipedy

De Boelensstate, ek Grut Schepper of Haersmastate is in eardere state en stie bewesten Bûtenpost op it stee dêr't no it gemeentepark leit, yn de gemeente Achtkarspelen. Fan de state is neat mear werom te finen.

Meidat Bûtenpost it haadplak fan de gemeente wie, stiene der in soad staten. Elke family dy 't in grytman hie boude dêr in eigen state. Sa binne der de Herbrandastate, Leltingastate en Scheltingastate. De meast bekende family wie de family Boelens. De family Boelens wie hast de hiele perioade fan 1618 - 1673 grytman fan Achtkarspelen. Se hiene grutte belangen yn de ferfeaningen yn dizze gritenij. Yn of nei 1673 stjert de family Boelens út en wurdt de state fan Isaac de Schepper. Hy hat fan 1677 - 1688 ek grytman fan Achtkarspelen west. Sûnt dy tiid wurdt de state ek wol Grut Schepper neamd.

Isaac wurdt opfolge troch syn neef Eelco fan Haersma. Hy is grytman en eigener fan de state. Opnij kriget de state in oare namme: Haersmastate.
De folgjende bekende eigenares fan de state is Catharina Wilhelmina, dochter fan grytman Daniël de Blocq fan Haersma. Hja troude yn 1794 mei Jan Minnema de With. De lêste grytman, dy't Boelensstate bewenne wie harren soan Jhr. Daniël de Blocq fan Haersma de With. As er yn 1857 stjert blykt út syn testamint, dat er de state fermakket oan de gemeente.

Bewenners
  • 1618 - 1673 family Boelens
  • ± 1673 - 1688 Isaac de Schepper
  • 1688 Eelco fan Haersma
  • Catharina Wilhelmina de Blocq fan Haersma
  • - 1857 Jhr. Daniël de Blocq fan Haersma de With
  • 1857 gemeente Achtkarspelen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: