Tarquinius fan Boelens

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Tarquinius (Tsjerk) fan Boelens (1632 - Bûtenpost, 16 juny 1670) wie grytman fan Achtkarspelen.

Tsjerk wie de soan fan Livius fan Scheltinga, siktaris fan de Steaten fan Fryslân en kurator fan de Akademy yn Frjentsjer, en fan Anna de Blocq. Hy troude mei Wiskjen (29 jannewaris 1633 - 9 of 19 oktober 1668), dochter fan de riedshear Cornelis fan Kinnema en Romkje fan Fockens. Se wennen yn Bûtenpost en hienen acht bern. Hy waard beneamd as grytman op 5 maart 1653. Naam itselde jier sit yn de gearkomst fan de Steaten fan Fryslân. Waard út dy gearkomst kommitearde yn 1657 mei noch sân oare leden foar it opmeitsjen fan in ynstruksje foar de kurators fan de Akademy. Beide binne yn Bûtenpost beïerdige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: