Herbrandastate

Ut Wikipedy

Herbrandastate (ek: Brandaloon) is in eardere stins en stie eastlik fan Nes yn de gemeente Dongeradiel oan de Mosselbanksweg of Brandaloon. It stee is no ûnbehuze.

De stins is nei alle gedachten yn de 14e iuw ûntstien. Botte Herbranda segele yn 1449 it sylfestenijbrief fan Dongeradiel. Hy wenne grif yn Nes. Mooglik wenne dêr ek Gercke Herbranda, dy't yn 1453 de oarkunde oer de jiermerken fan Eastergoa mei ûndertekene. Yn in folgjende generaasje wenne Botte (Her) Branda yn Achtkarspelen, dêr't hy yn 1505 as edelman neamd wurdt; hy hie yn 1511 noch wol lân yn Nes. Tagelyk wurdt yn 1505 Offe Branda as edelman yn Dongeradiel neamd, grif wenne hy yn Nes. Yn elts gefal skonk hy dêr in rinte oan de tsjerke, ornearre foar in kears foar it Hillich Sakramint. Lettere generaasjes Herbranda wennen benammen yn Achtkarspelen, dêr't se ferskillende grytmannen leveren.

Eigeners
  • 1449 Botte Herbranda
  • 1453 Gercke Herbranda
  • 1505 Offe Branda

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: