Jo Bosma
Johannes (Jo) Bosma | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 14 april 1945 | |
berteplak | Bûtenpost | |
stjerdatum | 21 septimber 2015 | |
stjerplak | De Lemmer | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | D66 | |
Boargemaster fan Lemsterlân | ||
amtsperioade | 1992 - 2008 | |
foargonger | Geert Eijgelaar | |
opfolger | Dick Stellingwerf | |
Boargemaster fan Ljouwerteradiel (wnd.) | ||
amtsperioade | 2003 - 2004 | |
foargonger | Wil Vroegindeweij | |
opfolger | Eric ter Keurs |
Johannes (Jo) Bosma (Bûtenpost, 17 april 1943 - De Lemmer, 21 septimber 2015) wie in Frysk politikus fan D66.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy hat feehâlder west en rjochte yn 1967 in D66-ôfdieling op yn de gemeente Achtkarspelen. Letter hat er wethâlder yn Lelystêd west. Bosma wie direkteur fan de NV Lofthaven Lelystêd foar't er juny 1992 boargemaster fan Lemsterlân waard. Fan oktober 2003 oant maart 2004 wie er ek waarnimmend boargemaster fan Ljouwerteradiel.
Om de jierwikseling 2005/2006 hinne koe Bosma foarkomme dat in tal húshâldings mei jonge bern as útprosedearre asylsikers it lân útset waarden. Yn dy tiid stapte Bosma út D66, dy't doe yn it regear sit hie, omreden fan it asylbelied en bleau partijleas boargemaster oant syn pinsjonearring yn de maitiid fan 2008.
Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2010 waard Bosma ynformateur yn Ljouwerteradiel.
Bosma waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy stoar yn de âldens fan 72 jier oan kanker.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk boer
- Frysk politikus
- D66-politikus
- Boargemaster fan Lemsterlân
- Boargemaster fan Ljouwerteradiel
- Frysk bestjoerder
- Frysk liberaal
- Nederlânsk boer
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk wethâlder
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk liberaal
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Bûtenpost
- Persoan stoarn op De Lemmer
- Persoan berne yn 1943
- Persoan stoarn yn 2015