Eric ter Keurs
Eric ter Keurs | ||
![]() | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 30 maart 1965 | |
berteplak | Borne | |
partij | CDA (oant 1999) VVD fan 1999 ôf | |
Wethâlder yn Slochteren | ||
amtsperioade | 2002 - 2004 | |
Boargemaster fan Ljouwerteradiel (wnd.) | ||
amtsperioade | 2004 - 2011 | |
foargonger | Jo Bosma | |
opfolger | Joop Boertjens (wnd.) | |
Boargemaster fan Tytsjerksteradiel | ||
amtsperioade | 2011 - 2016 | |
foargonger | Gerrit Jan Polderman | |
opfolger | Wilma Mansveld (wnd.) | |
Wethâlder yn Smellingerlân | ||
amtsperioade | 2018 - 2019 | |
Steatelid fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2023 - no | |
Fraksjefoarsitter VVD Fryslân | ||
amtsperioade | 2023 - no |
E.J. (Eric) ter Keurs (Borne, 30 maart 1965[1]) is in Nederlânsk politikus fan de VVD.[2][3]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy studearre fan 1984 oant 1990 bestjoerswittenskippen oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2002 waard hy wethâlder fan Slochteren en yn 2004 folge syn beneaming ta boargemaster fan Ljouwerteradiel.
Op 11 febrewaris 2011 waard er ynstallearre as opfolger fan Gerrit Jan Polderman as boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Joop Boertjens folge him inkelde wiken letter op as waarnimmend boargemaster yn Ljouwerteradiel.
Op eigen fersykjen hat de Kroan him mei yngong fan 1 septimber 2016 dien jûn omreden it dreech wie it boargermasterskip te dwaan wylst er ek foar syn twa bern soargje moast. Hy waard opfolge troch Wilma Mansveld as waarnimmend boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Neitiids wurke er, mei in ûnderbrekking fan goed in jier as wethâlder fan Smellingerlân, by in advysburo. Sûnt augustus 2023 is er ferbûn oan de Thorbecke Akademy yn Ljouwert (NHL Stenden Hogeschool) en oan it Thorbecke Ynstitút Fitaal Bestjoer.[4]
By de Provinsjale Steateferkiezingen 2023 stie Ter Keurs yn Fryslân op it twadde plak fan de VVD. Sûnt 29 maart 2023 is er Steatelid yn Fryslân. Dêrnjonken waard er heechlearaar Nederlânsk rjocht oan Windesheim, bestjoersfoarsitter fan gearwurkingsferbân Súdeast-Fryslân (boppeskoalsk) en lid fan de beswierskriftekommisje fan Staphorst en Meerinzicht.[5]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|