Geert Eijgelaar
Appearance
Geert Frederik Eijgelaar (Ljouwert, 22 augustus 1927 - dêre, 3 april 2022[1]) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP en letter it CDA.
Eijgelaar die de mts. Dêrnei hie er de lieding fan in koöperative middenstânsferiening ear't er yn septimber 1974 in hannelsagintskip en grossierderij oprjochte. Dêrneist wie er aktyf yn de lokale polityk. Sadwaande kaam er yn 1970 yn de gemeenteried fan Ljouwert en wie dêr fan 1974 ôf wethâlder.
Yn augustus 1981 waard Eijgelaar waarnimmend boargemaster fan Hinnaarderadiel dat op 1 jannewaris 1984 opgie yn de gemeente Littenseradiel. Yn april 1984 folge syn beneaming ta boargemaster fan Lemsterlân wat er oant syn pinsjoenearring yn septimber 1992 bliuwe soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |