Springe nei ynhâld

Het Lichtbaken (Bûtenpost)

Ut Wikipedy
Het Lichtbaken
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
adres Marconistrjitte 5
koördinaten 53° 15' N 6° 08' E
Webside
Side Kristengemeente Bûtenpost
Kaart
Het Lichtbaken (Fryslân)
Het Lichtbaken

Het Lichtbaken (It Ljochtbeaken) is de tsjerke fan de Kristengemeente yn Bûtenpost. De gemeente is ien fan de hurdst groeiende tsjerkemienskippen fan Noardeast Fryslân.

De gemeente waard yn 2005 oprjochte troch in tal minsken dy't harren net mear fine koene yn de PKN-gemeente. De tsjinsten fan de jonge gemeente waarden earst fierd yn de frijmakke Fonteintsjerke fan Bûtenpost, mar troch de grutte oanwaaks moast de gemeente ferhûzje nei de AOC-skoalle oan de Prof. Wassenbergstrjitte. Ek dy lokaasje waard al gau te lyts en yn 2011 kocht de gemeente in bedriuwspân op De Swadde oan en ferboude dat ta in tserklik sintrum fan de gemeente.

De gemeente hat in evangelysk profyl en alhoewol't de measte leden út Bûtenpost komme, komt ek in grut tal fan de leden út de omkriten.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: