Krústsjerke (Bûtenpost)
Krústsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Achtkarspelen | |
plak | Bûtenpost | |
adres | Foarstrjitte 15 | |
koördinaten | 53° 15' N 6° 08' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1887 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
Side Protestanske gemeente Bûtenpost | ||
Kaart | ||
De Krústsjerke yn Bûtenpost is de eardere grifformearde tsjerke fan it doarp. Tsjintwurdich is it mei de foarhinne herfoarme Mariatsjerke ien fan de twa tsjerken fan de protestanske gemeente fan Bûtenpost.
Untstean fan de gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de ôfskieding fan 1834 bleau it tanksij in rjochtsinnige dûmny op tsjerklik mêd rêstich yn Bûtenpost. Der wennen wol in pear hûshâldings dy't harren fan de herfoarme tsjerke ôfsnijd hiene, mar de groep wie te lyts om in eigen tsjerke te bouwen. Der moast foar it bywenjen fan de grifformearde earetsjinst hiele einen reizgje wurde, mar doe't yn 1866 yn Kollum in grifformearde gemeente ûntstie waard dy ôfstân al in stik lytser.
Yn de 19e iuw wie it yn in soad Fryske herfoarme gemeenten wenst dat ynstee fan de tsjerkeried saneamde floreenplichtigen in nije dûmny keazen. Dat hie fan gefolgen dat de gemeente fakentiden dûmny's krigen, dy't net troch de gemeente sels winkse wiene. Yn de 19e iuw bloeide de frijsinnigens ûnder dûmny's en tsjerkfâlden en sa kaam it dat de floreenplichtigen tsjin it sin fan it rjochtsinnige Bûtenpost yn 1886 de frijsinnige dûmny G. Aalberts foardroegen. De tsjerkeried besocht de komst fan de frijsinnige dûmny te kearen, mar dat slagge net en dêrmei ûntstie der stadichoan in skuorring yn de gemeente. Rjochtsinnige gemeenteleden gyngen net mear nei de herfoarme tsjerke, mar kamen byinoar yn in lokaal fan de Waarheidsvrienden, dêr't it otterdokske lûd te hearren wie. Mei it fuortgean fan dûmny Aalberts en de komst fan wer in rjochtsinnige dûmny K. Fernhout namen de aktiviteiten fan de Waarheidsvrienden ôf, mar de kleau mei de frijsinnige tsjerkfâlden bleau en de yn Twizel talitten frijsinnige leden soargen foar spannings yn de gemeente, mei as gefolch dat yn 1887 200 mearderjierrige leden harren losmakken fan de herfoarme tsjerke.
Dêrmei wie ek de doleânsje yn Bûtenpost in feit. Yn in iuw tiid soe it tal leden fan de grifformearde gemeente mear as fertsienfâldigje en dêrmei waard de grifformearde gemeente fan Bûtenpost wat ledetal oanbelanget grutter as de herfoarme gemeente. Letter soe ek de grifformearde gemeente te meitsjen krije mei in skuorring. Yn Bûtenpost makken yn 1945 likernôch 130 leden harren los fan de synodale tsjerke en gyngen oer nei it nije ferbân fan frijmakke tsjerken
Nei in drege oanrin tekenen de herfoarme en de grifformearde gemeente fan Bûtenpost op snein 3 jannewaris 2010 de fúzje-akte. Sawol de herfoarme tsjerke as de grifformearde tsjerke, dy't folle grutter is en mear kapasiteit hat, bleaune yn gebrûk.[1]
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grifformearde tsjerke waard yn 1887 as in sealtsjerke boud. Nei't it gebou elektrysk krige yn 1921, moast troch de nije oanwaaks de tsjerke yn 1923 nochris útwreide wurde mei in eastlike fleugel, sadat it grûnplan fan de tsjerke tsjintwurdich in T-foarm hat. Mei de útwreiding en de bou fan in kreake naam it tal sitplakken yn de tsjerke ta oant 600. Yn de jierren 1930 wie der wer brek oan sitplakken en moast in twadde kreake boud wurde.
Yn 1982 waard it beslút nommen de tsjerke te restaurearjen. Underdiel fan de restauraasje foarme it ferwiderjen fan de wite farve oan de muorre.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de Bûtenposter Krústsjerke koe yn 1964 troch de firma E. Pels út Alkmar boud wurde nei't de tsjerke in legaat krige hie fan boargemaster Eringa. It oargel mei 16 registers ferfong doedestiids in âlder ynstrumint mei materiaal fan in Hardoff-oargel út 1860, dat yn 1924 oernommen waard fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke fan Abbegea.[2] Op 10 septimber 1964 waard it nije Pels-oargel offisjeel yn gebrûk nommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|