Springe nei ynhâld

Pier Eringa

Ut Wikipedy
Pier Eringa

Pier Eringa (Grins, 13 juny 1879 - Ljouwert, 10 july 1962) wie in Nederlânske boargemaster.

Eringa waard op 12 oktober 1917 boargemaster fan de Fryske gemeente Achtkarspelen en soe dat goed 27 jier bliuwe. Hy wie boaske oan Afke Bakker.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard er troch de Dútske besetter ûntheft út syn amt. Nei de oarloch wie er fannijs noch in heal jier boargemaster fan Achtkarspelen en gie dêrnei mei pinsjoen.

Eringa wie bot belutsen by it wolwêzen yn de gemeente en hie in soad njonkenfunksjes, lykas yn it Nut en by it Griene Krús. Hy waard beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Eringa stoar yn july 1962 yn de âldens fan 83 jier. Hy waard begroeven yn Bûtenpost.[1]

Yn Bûtenpost waard in strjitte nei him ferneamd, de Eringalaan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Graftombe.nl