Springe nei ynhâld

Boalsert-Binnenstêd

Ut Wikipedy
Boalsert-Binnenstêd
Binnenstêd fan Boalsert
Binnenstêd fan Boalsert
polityk
Gemeente Súdwest-Fryslân
Stêd Boalsert
sifers
ynwennertal 1500 [1]
oerflak 0,3 km²
befolkingstichtens 5000 ynw./km²
Lokaasje fan de binnenstêd

Boalsert-Binnenstêd of ek wol Boalsert binnen de Wâlen is it âlde stedsintrum en in wenwyk fan de Fryske stêd Boalsert. It sintrum hat likernôch 1500 ynwenners op in oerflak fan 0,3 km². De binnenstêd hat de measte ryksmonuminten en gemeentlike monuminten fan de stêd. Tekenjend foar it sintrum binne de monuminten: it Stedhûs, de tsjerken, de hearehûzen en de grêften.

It sintrum hat in rike histoarje. De stêd is ûntstien op in trijetal terpen. De âldste, dêr't de hjoeddeistige Martinytsjerke op stiet, komt fan foar de jiertelling. Súdlik dêrfan ûntstie yn de 8e iuw (oannommen wurdt om 715 hinne) in langhalige hannelsterp dêr't de hjoeddeistige strjitten Heechstrjitte en Heeremastrjitte de kearn fan binne. De hjoeddeistige Tsjerkstrjitte wie de ferbiningswei tusken de twa terpen. Yn 'e 11e iuw waard in tredde terp, as útwreiding fan 'e hannelsterp, oanlein. De Marnedyk waard yn de 12e iuw oanlein en sleat oan de hannelsterp fia de Dykstrjitte en Merkstrjitte.

Fransiskaner muontsen bouden in kleaster oan 'e eastkant fan de terp. Om 1280 waard dêr in tsjerke, de Broeretsjerke, it âldste noch besteande gebou fan Boalsert, oanboud. De Martinytsjerke ûntstie yn de 11e iuw en waard yn de 15e iuw ta syn hjoeddeistige foarm útwreide. Yn 'e 14e iuw krige Boalsert omwâling, dy't yn 'e iere 16e iuw útwreide waard. It stedhûs, it symboal fan de stêd, waard yn 1614-1617 boud.

Yn 'e 19e iuw waarden de stedspoarten en de omwâling ôfbrutsen. Alllinnich it Heech Bolwurk is noch in oerbliuwsel fan 'e âlde omwâling. Ek guon grêften waarden tichtsmiten. Yn dy iuw begûn de stêd bûten de stedsgrêften út te wreidzjen.

Foar mear skiednis: sjoch hjir.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wiken en buerten yn de stêd Boalsert
Buerten:
AltenburchBinnenstêdEekwertDe FûgelkriteHartwerter FeartHollandiabuertParkplanNoardSúd
Buorskip:
Laerd en Saerd
· · Berjocht bewurkje