Springe nei ynhâld

Heamieldagen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bolstjurrich Strjitfestival)
Heamieldagen
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Boalsert
holden yn binnenstêd
tiid fan it jier ein juny
bysûnderheden
oanlieding oarspr. ein fan 'e ûngetiid
soarte evenemint festival
bestean 1950 – no
org. troch Stifting Heamiel Komitee
   Boalsert
offisjele webside
www.heamiel.nl

De Heamieldagen binne it stedsfestival fan 'e Fryske stêd Boalsert. It wurdt elts jier oan 'e ein fan juny holden en duorret tsjintwurdich fjouwer dagen. It meast opfallende aspekt is de ferkiezing fan in heakeninginne foarôfgeande oan it evenemint, oan wa't de seremoniële lieding oer it hiele barren opdroegen wurdt. Fan oarsprong wiene de Heamieldagen in agrarysk feest: it giet nammentlik werom op it heamiel, dat de ein fan 'e ûngetiid markearre, as de boeren it hea ynhelle hiene. Hjoed oan 'e dei docht net in protte mear tinken oan dat ferline, en binne de Heamieldagen benammen in feest foar de ynwenners fan 'e stêd en in manear foar de Boalserter middenstân om him te profilearjen.

Foarhinne wie it sa dat de ûngetiid, de perioade wêryn't it hea makke en ynhelle wurde moast, de drokste tiid wie yn 'e feehâlderijsektor. Nei't dat wurk ein juny berêden wie, waard dat sadwaande fierd mei in mienskiplik miel fan 'e boeren sels en harren arbeiders en de spesjaal foar de ûngetiid oanlutsen hantsjemieren. Dat miel hiet it heamiel, en bestie tradisjoneel út rys mei rezinen en boerejonges mei brandewyn.

Yn Boalsert waard it heamiel troch sawol de boeren en arbeiders út 'e omkriten, as troch de stedsjers genoaten troch mei-inoar oan te sitten oan lange tafels dy't yn 'e iepen loft yn 'e binnenstêd op 'e strjitte opsteld wiene. Sadwaande ûntjoech it Boalserter heamiel him ta in feest fan ferieniging tusken de bewenners fan stêd en plattelân en tusken ryk en earm en tusken jong en âld. Wylst op oare plakken it heamiel as tradysje útstoar, bleau it yn Boalsert yn libben. De belangstelling wie gauris sa grut dat men by toerbeurten oansitte en ite moast. Hoewol't it feest dus eins al folle langer bestiet, waard it yn 1950 foar it earst yn 'e kranten oantsjut as 'de Heamieldagen'. Yn 1952 waard der foar de earste kear in heakeninginne oanwiisd.

Hjoeddeistich ferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarôfgeande oan 'e Heamieldagen wurde der in heakeninginne en twa hofdames oanwiisd. Dat binne jonge froulju fan tusken de 18 en 25 jier âld, dy't út Boalsert sels komme of út in doarp yn 'e direkte omkriten, lykas Hichtum, Burchwert, Hartwert, Wolsum, Tsjerkwert, Eksmoarre, Longerhou of Skettens.

De Heamieldagen wurde op woansdei iepene as de heakeninginne en har hofdames, moai opmakke en kapt en klaaid yn lange galajurken, op in haaiwein de stêd ynriden wurde, dêr't se ynhelle wurde troch de entûsjaste befolking. Under belangstelling fan it omsteand laach wurde hja dêrnei op it bordes fan it Stedhûs fan Boalsert wolkom hjitten troch de boargemaster (foarhinne fan Boalsert, no fan Súdwest-Fryslân). Nei de yntocht en it wolkom folget der in optocht mei prealweinen troch de stêd.

Op tongersdei wurdt in jiermerk holden, op freed it konsert Night of the Heamiel en op sneon it Bolstjurrich Strjitfestival. Oare fêste ûnderdielen fan 'e Heamieldagen binne it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert en fansels it tradisjonele heamiel sels. Der wurdt noch altyd rys mei rezinen optsjinne, mar tsjintwurdich ek oare Fryske lekkernijen, lykas sûkerbôle. It festival wurdt op sneontejûn ôfsletten mei in spektakulêre fjoerwurkshow.

De organisaasje fan 'e Heamieldagen is yn 'e hannen fan 'e Stifting Heamiel Komitee Boalsert (Nederlânsk en offisjeel: Stichting Heamiel Comité Bolsward). Dat is in stifting mei in bestjoer dat út tolve leden bestiet, elts mei in termyn fan fiif jier. It Heamiel Komitee is û.m. ferantwurdlik foar it opstellen fan it programma fan 'e Heamieldagen; it beävensearjen fan gearwurking mei oare organisaasjes; it sykjen fan sponsors; it kiezen fan 'e heakeninginne en har hofdames; it ûnderhâlden fan kontakten mei de parse en it fersoargjen fan public relations yn it algemien; it regeljen fan 'e fergunnings dêr't ferlet fan is; en it opsetten fan fasilitêre stipe (frijwilligers dy't alles yn goede banen liede, mar ek gearwurking mei de plysje en brânwacht, en de oanwêzigens fan medyske help).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: