Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert
Internationaal Folkloristisch Dansfestival Bolsward
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Bolsward flag.svg Boalsert
holden yn binnenstêd
tiid fan it jier ein juny
bysûnderheden
ôfkoarting IFDB
gelegenheid Heamieldagen
soarte evenemint dûnsfestival
sjenre folksdûns
bestean 1988 – no
org. troch Boalserter Skotsploech
offisjele webside
www.dansfestivalbolsward.nl

It Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert (Nederlânsk en offisjeel: Internationaal Folkloristisch Dansfestival Bolsward) is in festival op it mêd fan dûns dat elts jier oan 'e ein fan juny holden wurdt yn 'e Fryske stêd Boalsert. It makket ûnderdiel út fan it gruttere evenemint fan 'e Heamieldagen. It Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert is wijd oan folksdûns en folksmuzyk, en wurdt organisearre troch de Boalserter Skotsploech.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste kear dat it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert holden waard, wie yn 1963, doe't de Boalserter Skotsploech fiif jier bestie. Neitiid waarden nije edysjes organisearre ta gelegenheid fan it tsienjierrich bestean fan 'e feriening, yn 1968, en it 25-jierrich bestean, yn 1983. Fan 1988 ôf, doe't de Skotsploech tritich jier bestie, wurdt it festival elts jier holden, as ûnderdiel fan 'e Heamieldagen, dy't sels ek in folkloristyske oarsprong hawwe as in feest dat de ein fan 'e ûngetiid fiert.

Hjoeddeistige organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it Ynternasjonaal Folkloristysk Dûnsfestival Boalsert komme dûnsgroepen út lannen binnen en bûten Jeropa nei Boalsert ta. Sa wiene foar de edysje fan 2018 fan 'e partij: it Komenka Ethnic Dance Ensemble út it Amerikaanske New Orleans, de dûnsgroep Tanok, út 'e Koeban-regio fan súdlik Ruslân, en de Ubuhle Be Afrika Entertainers út Súd-Afrika. It festival begjint op 'e woansdei by it begjin fan 'e Heamieldagen mei in presintaasje fan 'e dûns- en muzykgroepen. Op 'e sneontejûn is der in folksdûnsspektakel wêrby't njonken tradysje en folkloare ek eigentiidske eleminten fan sang en dûns toand wurde. It festival wurdt op 'e snein nei de Heamieldagen ôfsletten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: