Heamiel
Appearance
In heamiel ek margemiel en ûngetidersmiel is in feestlik miel dat de boer oan syn wurkfolk jout. It waard oan de ein fan de ûngetiid hâlden as it hea binnen wie. It bestie fanâlds út spekpankoeken.
Yn de Súdwesthoeke bestie it miel út rys mei resinen, broadsjes en sûkerbôle mei kofje en foar de leafhawwers in brandewyntsje mei of sûnder sûker. De Heamieldagen yn Boalsert binne hjirút fuortkomd.
De lêste heaweinen waarden op It Amelân mei flaggen fersierd.