CAB

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Fuotbalferiening CAB)
Jump to navigation Jump to search
CAB
Oprjochte: 7 april 1905
Plak: Boalsert
Kompetysje: sneins fyfde klasse
Tenu
webstee CAB

CAB (Combinatie Achilles Bolsward) is in fuotbalklup út Boalsert. De klupkleuren binne read en wyt.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening is oprjochte 7 april 1905 mei de namme Achilles. Fan de FVB moast de name feroare wurde en yn 1910 waard de namme feroare yn Football Club Achilles. Letter kaam der noch in fuotbalklup by yn Boalsert, de Boalserter Fuotbal Klup. Nei de lettere fúzje ûntstie de namme CAB (Combinatie Achilles Boalsert). Yn it seizoen 1936-1937 kaam it ta in splitsing en de roomske fuotbalferiening RES waard oprjochte.

Noch wer letter kaam der ek in protestantske fuotbalferiening by: Bolswardia.

Jeugd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jeugd fan CAB spilet sûnt 2004 ûnder de namme JV CAB mei dy fan Bolswardia. Der binne 7 junioareteams en 20 pupilleteams (2008).

Tenu jeugd: giel/swart fan JeugdFuotbal Boalsert.