Sonnema Berenburg
Appearance
Sonnema Berenburg is in bearenburch betocht troch Fedde Sonnema út Dokkum. It wurdt yn it Nederlânsk mar mei ien 'e' skreaun, omdat Sonnema net de rjochten hie de namme Beerenburg te brûken, dy’t kaam fan de ûntdekker Hindrik Beerenburg. (De rjochten lizze by distillearderij Widdo Joustra.) It resept is noch altiten geheim.
Distillearderij F.J. Sonnema hat in besikerssintrum yn Boalsert.
It bedriuw is ûnderdiel fan Herman Jansen Beverages.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |