Sint Anthony Gasthûs (Boalsert)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Middenpartij foargevel, 1972
Efterkant fan it gebou, 1972

It Sint Anthony Gasthûs is in ynsteling oan de Nijmerk yn de stêd Boalsert.

De âldste argyfstikken binne fan ein 16e iuw, mar it gasthûs moat al yn 1455 bestien hawwe doe't Boalsert “by raede ende consente des Eerbaren Vaders Johannis Brugman” stedsrjochten krige. Hjiryn wurdt ferwiisd nei “onsse Gasthuyse”, soks kin allinnich it Sint Anthony Gasthuis west hawwe.

Nammejouwer is Anthonius Abt, ek wol Anthonius de Klûzener neamd, en yn de folksmûle better bekend as Anthonius-mei-de-baarch. De nammedei fan hillige Sint Anthonius is 17 jannewaris. Om 250 hinne moat er yn Egypte berne wêze út kristlike begoedige âlden. Anthonius besleat ôfstân te dwaan fan syn rykdom en as klûzener fierder te gean.

Fan it gasthûs is gjin stichtingsbrief bewarre bleaun en ek is net bekend oft it stifte waard troch de oerheid, in gilde, de tsjerke of begoedige woldoggers. It Gasthûs hie as taak om de soarch te ferlienen oan de âlderein. Yn it earstoan barde dat troch de mooglikheid om jin yn te keapjen. Dan krige men wenromte en fersoarging (nei donaasjes op fêste tiden) yn it saneamde proveniershûs. Ien fan de bewenners wie Japik Gysberts, de heit fan dichter Gysbert Japicx, en ek de man dy't in grut oandiel hie yn de bou fan it stedhûs fan Boalsert.

De foarkant fan dit proveniershûs oan de Nijmerk is ûntwurpen troch stedsarsjitekt Jan Noteboom en boud yn de jierren 1778-1781. Der sitte acht apparteminten yn, mei dêrneist de saneamde fâdenkeamer, on bestjoerskeamer, mar ek wurk- en wenromte foar de guardiaan (hûsmaster) en syn húshâlding.

De fâden hâlden ek in saneamde beiert oan, in diel fan it gasthûs dêr't passanten in tydlik ûnderkommen hiene. Hjir kamen ek swalkers en lijers oan besmetlike syktes. De skieding tusken beiert en proveniershûs wie net botte skerp. Der wienen ommers ek âlderein dy't harren ferplichtings net mear neikomme koenen. Sokken sille grif tsjin in leger taryf en mooglik gratis ûnderdak krigen hawwe. Se wienen dan wol ferplichte om wurk yn of oan it hûs te dwaan of yn de by it gasthûs hearrende buorkerij. De argiven skriuwe oer de ferkeap fan bûter en tsiis, mar ek fan kealle- en kowehûden.

De orizjinele fâdenkeamer is rynsk dekoarearre yn Loadewyk XVI-styl mei allegoaryske tafrielen. De lêste grutte restauraasje wie yn de jierren jaren 1993-1996. Om de grutte kwetsberheid fan it ynterieur wurde der allinnich seremoanjele gearkomsten hâlden lykas de jierlikse moeting fan it gemeentebestjoer en de steedlike tsjerklike foargongers. Op “Iepen Monumintedagen” is der gelegenheid ta besichtiging.

It yn de folksmûle “Rijcke” Gasthûs hie tiden fan foarspoed mar oan de begjin fan de gouden iuw hie it finansjele soargen. De betingsten foar ûnderdak en ferliende foarrjochten it behear waarden oanskerpe. In stik fan it âlde proveniershûs moast sels ôfbrutsen wurde. Ein 18e iuw waard it hjoeddeiske proveniershûs boud, op of tichtby it âlde steed oan de Nijmerk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Zeist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Zwolle: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • (ned) Oer it Gasthûs