Sint-Fransiskusbasilyk (Boalsert)
| Sint-Fransiskusbasilyk | ||
| De Fransiskusbasilyk yn 2023 | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | ||
| koördinaten | 53°03'N 5°31'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Grins-Ljouwert | |
| patroanhillige | Fransiskus fan Assisi | |
| status | basilica minor | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H.C. van de Leur | |
| boujier | 1934 | |
| boustyl | Ekspresjonisme | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 512818 | |
| Webside | ||
| Sint-Fransiskusbasilyk | ||
| Kaart | ||
De Sint-Fransiskustsjerke is in parochytsjerke yn Boalsert, dy't wijd is oan 'e hillige Fransiskus fan Assisi. It ûntwerp fan 'e tsjerke is fan 'e út Nymwegen ôfkomstige arsjitekt H.C. fan de Leur.
Sûnt 2017 is de Sint-Fransiskustsjerke de earste basilyk yn Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oan 'e selde strjitte stiene eartiids oant de jierren 1932-1934 twa roomske tsjerken. De iene wie wijd oan Sint-Fransiskus en de oare, dy't in eintsje fierderop stie, oan Sint-Martinus. Beide tsjerken wiene neogoatysk en waarden troch Fransiskanen betsjinne. Foardat de hjoeddeiske tsjerke boud waard, fusearren de twa parochys ta ien parochy. De nijbou fûn plak op 'e grûn fan 'e âlde Fransiskustsjerke, dy't foar dat doel ôfbrutsen waard. De Sint-Martinustsjerke bleau oant de wijing fan 'e nijbou yn gebrûk en waard letter brûkt as kapel fan 'e roomske HBS.
By de ynrjochting fan 'e tsjerke waard in grut part fan 'e ynrjochting út de âlde tsjerken meinommen. Op 8 maaie 1934 fûn de wijing fan 'e nije en folle gruttere Fransiskustsjerke plak, dêr't ek Titus Brandsma by holp.
Lykas de measte roomske tsjerken waard it ynterieur yn 'e jierren 1960 yn it ramt fan 'e troch de paus ôfkundige liturgyske fernijingen oanpast. De tsjerke krige in folksalter, dat mear de tsjerke yn skood waard. Yn 'e jierren 1980 waard der yn it ramt fan 'e sillichferklearring fan Titus Brandsma in kapel ynrjochte. As tarieding op 'e ferheffing ta basilyk krige de tsjerke op 28 maaie 2017 in nije ambo yn 'e selde styl as it selebraasjealter.
Basilyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 23 novimber 2016 is troch de Romeinske Kongregaasje foar de Godlike Earetsjinst út namme fan paus Fransiskus oan 'e Fransiskustsjerke de earetitel fan basilica minor takend fanwegen de ferearing fan Marije fan Sânwâlden en de op 15 maaie 2022 hillich ferklearre Titus Brandsma.
Op 28 maaie 2017 fûn de ferheffing fan 'e tsjerke ta basilyk mei in proklamaasjefiering plak.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is ûntwurpen yn 'e styl fan 'e ekspressionistyske bakstienarsjitektuer fan 'e Frânsman Paul Bellot. It giet om in krústsjerke mei transepten dy't deselde hichte hawwe as it skip. Oan 'e bûtenkant binne de gevels sober útfierd. Yn 'e noardlike muorre fan it skip is de oarspronklike "earste stien" fan 'e ôfbrutsen Fransiskustsjerke út 1846 fan arsjitekt Theo Molkenboer te sjen. Oan 'e noardkant fan 'e gevel stiet in hege achtsidige toer mei in fan koper bedutsen spits. Oan 'e súdkant fan 'e gevel is in lytsere toer. De sakristy, in koaromgong en de bysakristy binne oan it koer fan 'e tsjerke útboud.
Yn 'e tsjerke is de dragende konstruksje fan 'e bôgen sichtber litten, it tekbeskot is ôftimmere mei blau ferve hout. Wat opfalt binne de inoar krusende grutte bôgen.

De preekstoel is fan stien mitsele. Oarspronklik hie de Fransiskustsjerke plak foar 1200 parochianen. Hjoed-de-dei is der plak foar maksimaal 650 parochianen.
Us Leaffrou fan Sânwâlden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tsjerke wurdt it 13e-iuwske mirakelbyld fan Marije fan Sânwâlden fereare. It byld oerlibbe de Reformaasje en komt oarspronklik út it kleaster fan Starum. Foar de Reformaasje hie it byld in eigen kapel oan 'e krusing fan 'e Bruorrestrjitte en de Tsjerkestrjitte. Nei de Reformaasje bleau it byld foar skeining sparre en moast it ûnderdûke. Tsjintwurdich wurdt it byld yn de Fransiskusbasilyk bewarre.
Yn 2015 waard de foar-reformatoaryske tradysje om Us Leaffrou fan Sânwâlden yn prosesje troch de stêd te dragen wer op 'e nij ynfierd.[2]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It grutte oargel op 'e galerij waard troch de firma Vermeulen út Alkmar yn 'e eardere Sint-Martinustsjerke oan 'e Grutte Dijlakker boud. Jos Vermeulen ferhûze it ynstrumint nei de nijbou en boude it dêr wer op. Deselde oargelbouwer fergrutte it oargel yn 'e jierren 1960. Sûnt de tsjerke yn 1972 in koeroargel krige fan Verschueren, wurdt it grutte oargel net mear brûkt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
