Snits-Boalsert-Snits

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Snits-Boalsert-Snits is sûnt 1917 in hurddraafwedstriid oer 20 kilometer, organisearre troch AV Horror '47, yn Snits. De wedstriid wurdt alle jierren hâlden op de leste sneon fan augustus.

De wedstriid bestiet út ,meardere dissiplines:

Start Ofstân Wedstriid
16:00.00 oere - Jeugdloop
16:45.00 oere 20 km Dames KNAU
16:45.00 oere 20 km Dames prestaasjeloop
16:56.49 oere 20 km Hearen KNAU
16:56.49 oere 20 km Hearen prestaasjeloop
17:00.00 oere 10 km Dames prestaasjeloop
17:00.00 oere 10 km Hearen prestaasjeloop
17:00.00 oere 5 km Dames prestaasjeloop
17:00.00 oere 5 km Hearen prestaasjeloop prestatieloop

Snits-Boalsert-Snits hat jildprizen foar de winner en alle 19 dêropfolgjende dravers.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoarje fan Sneek-Bolsward-Sneek giet werom oant 1917. Yn dat jier waard der foar it earst op it trajekt in wedstriid hâlden foar militêren fan it garnizoen Snits. [1] De start wie destiids by Kafee Piso, de kontrôle yn Boalsert wie by Hotel De Wijnberg. Yn dy tiid lei ek de trarails rjochting Boalsert op it trajekt, letter waard gebrû makke fan in nij oanlein fytspaad.

Yn 1976 en 1978 waard ynstee fan de wenstige 20 kilometer in maraton as haadwedstriid ferrûn, mei de C. Kan hal as start- en finishlokaasje. Yn 1977 gie it evenemint net troch. Yn 1979 en 1980 moast in oanpaste rûte run wurde omdat der oan de dyk yn it parkoers wurke waard.

Sûnt 1998 waard de binnenstêd fan Snits opnomd yn it parkoers. Hjirtroch koe men net mear keare yn it sintrum fan Boalsert.

Sûnt it begjin fan de 21ste iuw is Sportsintrum Skuttersfjild de start- en finishlokaasje.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwe Sneeker Courant, 14 july 1917