AV Horror '47

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

AV Horror '47 is in atletykferiening út de stêd Snits.

De feriening is oprjochte yn 1947 en is ferneamd nei it tekenrigefiguerke Horror. Dit figuer komt foar yn it Tom Poes-ferhaal Horror de ademloze fan Marten Toonder. De namme is tafallich keazen; op ien fan de oprjochtingsfergaderingen lei in krante mei dizze strip op de fergadertafel.

AV Horror hat op meardere plakken yn Snits treend en akkomodaasjes beheard. Nei de begjinjierren, wêryn't benammen op de dyk treend waard, krige de club treningsgelegenheid by it Bogerman College. Ek Sportpark Noarderhoek wie ien fan de treningslokaasjes, mar op gjinien fan allegear hie de club in ferieningsgebou.

Yn it nij oan te lizzen Sportpark Tinga besleat de gemeente Snits in atletykbaan en clubhûs op te nimmen foar de flink groeide feriening. De baan waard lykwols ein jierren tachtich ôfkeurd en yn 2006 maket de club de oerstap nei Sportsintrum Skuttersfjild.

De feriening is de organisator fan de weiwedstriid Snits-Boalsert-Snits, jierliks op de lêste sneon fan augustus. En ien kear yn de fjouwer jier organisearret av Horror teffens de Slachtemaraton.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: