Springe nei ynhâld

Sportpark Noarderhoek

Ut Wikipedy

Sportpark Noarderhoek is in earder sportpark in de stêd Snits.

It sportpark bestie út twa fuotbalfjilden, in gravelfjild, it clubhûs fan Fuotbalferiening Blackboys, meardere klaailokalen en in sporthal (de C. Kanhal).

Nei de iepening fan it park is it terrein troch in soad ferienings brûkt. Ien fan de haadbrûkers wie Fuotbalferiening Blackboys, dat hjir syn thúswedstriden spile. Yn 1968 is it opark útwreide mei fjildferljochting. Yn 1973 waard it gravelfjild oanlein. Fjouwer jioer letter krige it clubhûs in grutte renovaasjebeurt.[1]

Sûnt 2002 brûkte ek Kuorbalferiening de Waterpoort de bûtenakkomodaasje, nei de sluting fan it sportfjild op it Keatslân. It sportfjild rekke letter yn ferfal en waard yn 2006 sluten. Fan de plannen om wenningen te bouwen op it terrein is oant no net folle op 'e hispel komd, it terrein leit foar it meastepart braak. Wol is it folkstunekompleks útwreide op ien fan de fjilden.[2]

Sportpark Noarderhoek is ferfongen troch Sportsintrum Skuttersfjild, dat mar in pear hûndert meter noardliker leit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.friesarchiefnet.nl/index.php?option=com_archiefnet_archieven&task=indexes&id=4440
  2. http://www.sneekernieuwsblad.nl/blog/article222780.ece/sneek_aanleg_volkstuinen_noorderhoek_los