Kristlike Skoallemienskip Bogerman

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Bogerman College)
Jump to navigation Jump to search

De Kristlike Skoallemienskip Bogerman, noch altyd faak it Bogerman Kolleezje (Nederlânsk: Bogerman College) neamd, is in kristlike skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis yn it súdwesten fan Fryslân mei de haadfêstiging yn Snits. Dizze skoalle ûntstie yn 1991 troch in fúzje fan it doetiidske Bogeman Kolleezje (earder it Bogermanlyseum) mei de Kristlike LTS Snits, de Kristlike Skoallemienskip foar LEAO/LMO "W.G. Baarda Kolleezje" en de Kristlike LHNO "De Opslach".

De skoalle hat fêstigings yn Snits, Koudum en (oant 2018) Wommels. Binnen de skoalle wurde VMBO-, LWOO-, HAVO-, Technasium-, Atheneum, VWO- en Gymnasiumopliedingen oanbean. De skoalle is ferneamd nei predikant Johannes Bogerman.

Haadfêstiging Snits[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Snitser fêstiging stiet yn de wyk Himdyk. It hjoeddeiske haaadgebou is boud yn 1954 nei ûntwerp fan arsjitekt Reinalda út Ljouwert. Dy kaam by de bou te ferstjerren, wêrtroch't de bou troch arsjitekt J.C. Teeuw ôfrûne waard.

Muzykûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Bogerman College stiet bekend om har muzykoanbod. Yn de ûnderbou krije alle learlingen muzyklessen. Yn de boppebou wurdt muzyk oanbean as eksamenfak. De skoalle hat meardere eigen orkesten:

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]