Nynke de Jong
Nynke de Jong | ||
![]() | ||
Nynke de Jong (2018) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1985 | |
berteplak | Goaiïngea | |
etnisiteit | ![]() | |
wurkpaad | ||
berop/amt | skriuwer, sjoernalist, redakteur |
Nynke de Jong (Goaiïngea, 16 maart 1985) is in Nederlânsk sjoernaliste en skriuwster fan Fryske komôf.
De Jong skreau ûnder mear foar de kranten nrc.next en de Ljouwerter Krante en de tydskriften Viva, Red en Santé en ek foar 3FM. Teffens is se ghostwriter/copywriter en hat se twa boeken op har namme brocht. Se is geregeldwei tafeldame yn DWDD en wie te sjen yn Kun je het al zien?. Se skreau ek de telefyzjefilm Lang zal ze leven (2011) en is haadredakteur fan Pedala Magazine. De Jong is kollumniste yn it Algemeen Dagblad en foar de LINDA, Kek Mama en Viva Mama. Se wennet yn Utert mei freon en dochter.
Yn 2015 waard hja twadde yn de telefyzjekwis De Slimste Mens. Sûnt april 2017 is se mei Hanneke Hendrix en Alex van der Hulst gastfrou (host) fan de podcast Ik ken iemand die.
De Jong gie nei it Bogerman College yn Snits, studearre Nederlânsk oan Universiteit Utert en wennet mei har man en twa bern yn Zwolle.
Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2011 – Vrouw en Fiets (mei Marijn de Vries), ISBN 978 90 2041 041 9
- 2012 – Vrouw kijkt Sport, ISBN 978 90 2041 272 7
- 2018 - Ik ken iemand die, ISBN 978 90 0036 033 8
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Frysk publisist
- Frysk sjoernalist
- Frysk tydskriftredakteur
- Frysk senarioskriuwer
- Frysk kollumnist
- Frysk kommentator
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk tydskriftredakteur
- Nederlânsk senarioskriuwer
- Nederlânsk kollumnist
- Nederlânsk kommentator
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Goaiïngea
- Persoan berne yn 1985