Marijn de Vries (hurdfytser)

Ut Wikipedy
Margaretha Jantina de Vries
sporter
Marijn de Vries yn 2012
Marijn de Vries yn 2012
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 novimber 1978
berteplak Sleen
lingte 176 cm
gewicht 62 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 2008
karriêre-ein 2015

Margaretha Jantina (Marijn) de Vries (Sleen, 19 novimber 1978) is in Nederlânsk sjoernaliste en earder hurdfytster.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 begûn De Vries mei hurdfytsen by studintehurdfytsferiening GazGas fan Hogeschool Windesheim, dêr't se opfoel troch har krêft en faasje. Dêrop besleat se om te sjen hoefier 't se komme koe yn de hurdfytssport.

De Vries falt op troch de relatyf hegere jierren wêrop't se debutearre yn de hurdfytssport. It ûndersyk nei de mooglikheden om topsporter te wurden, binne fêstlein yn de radiodokumintêre "Kun je nog topsporter worden op je 30ste?" dy't yn 2009 útstjoerd waard yn De Avonden op Radio 6.

Yn har karriêre die se twa kear mei oan de Wrâldkampioenskippen hurdfytsen: yn 2013 yn Florence (ploegetiidrit) en yn 2014 yn Ponferrada (ploegetiidrit) en skoarde se ek goed yn yndividuele tiidritten: De Vries helle ferskate top-10 notearringen op de Nederlânske kampioenskippen tiidriden. Dêrneist waard se yn 2012 fiifde yn de ynternasjonale tiidrit Chrono des Nations en yn 2013 waard se achtste yn de tiidrit fan de ynternasjonale etappekoers Energiewacht Tour.

Nei seis jier makke se op 31 augustus 2015 bekend op te hâlden mei profesjoneel hurdfytsen. De seisdaagse etappewedstriid Holland Ladies Tour (1 -6 septimber 2015) wie har lêste koers. Se beëinige har karriêre boppe op de Cauberg.

De Vries wie oant desimber 2010 redakteur by it sportprogramma Holland Sport. Fan augustus 2013 oant en mei maaie 2022 hie De Vries in kollum yn it deiblêd Trouw, as opfolchster fan Mart Smeets. Fan juny ôf datselde jier skriuwt se har kollums foar de NRC. Ek is se hurdfytskanalist foar de NOS en Sporza. Tegearre mei Nynke de Jong skreau se it boek "Vrouw & Fiets, handboek voor de fietsende vrouw".