NPO Radio 6
Appearance
| NPO Radio 6 | ||
| Logo NPO Radio 6 | ||
| algemiene ynformaasje | ||
| nasjonaliteit | ||
| medium | Radio | |
| taal | Nederlânsk | |
| oprjochte | 4 septimber 2006 (as Radio 6) | |
| opheft | 31 desimber 2015 | |
| opgien yn | NPO Soul & Jazz | |
| sjenre | Soul & Jazz | |
| slogan | Feel the flow | |
| eigner | Nederlânske Publike Omrop | |
| útstjoergebiet | ||
| ûntfangstgebiet | Nederlân | |
NPO Radio 6 wie in nasjonale radiostjoerder fan 'e Nederlânske Publike Omrop dat tusken 4 septimber 2006 en 1 jannewaris 2016 útstjoerde op it kabel-, satellyt-, DVB-T-, en DAB+-kanaal dat brûkt waard troch de Konsertstjoerder. De Konsertstjoerder is útstjoeren bleaun op in eigen kanaal.
De studio fan NPO Radio 6 wie fêstige op 'e tredde etaazje fan it gebou De Peperbus op it Mediapark yn Hilfertsom. Dit is de eardere studio fan NPO 3FM. Op 1 jannewaris 2016 hat NPO Soul & Jazz it plak fan NPO Radio 6 ynnommen.