Johannes Bogerman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Johannes Bogerman

Johannes Bogerman (Uplewert, 1576 - Frjentsjer, 1637) wie in Fryske teolooch. Hy krige bekendheid as foarsitter fan de Synoade fan Dordrecht yn 1618 en as oersetter fan dielen fan it Alde Testamint foar de Steate-oersetting.

Bogerman waard berne te Uplewert yn East-Fryslân as soan fan Johannes Bogerman, in eardere pastoar en letter predikant. Bogerman wie strang kalvinistysk en fûl bestrider fan oanhingers fan ôfwikende kalvinistyske en oare farianten fan it kristlik leauwe lykas de sosianen, arminianen en menisten. Hy studearre oan de Universiteit fan Frjentsjer en wie dêrnei predikant te Snits (1599-1602), Inkhuzen (1603-1604) en Ljouwert (1604-1634) en heechlearaar teology oan de Universiteit fan Frjentsjer (1634-1637). Hy wie troud mei Grytsje Piers en ferstoar sûnder bern nei te litten. Op 18 augustus 1605 wurdt yn Ljouwert in Corneliske (Knilliske) doopt as dochter fan Joanes (Jehannes) Bogerman.

Op 1 maart 1605 wurde de Fryske deputearren Wiarda en Oenema kommitearre om mei Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg en Johannes Bogerman har te kearen ta Jacobus Lautenbach oanhinger fan it sosinianisme om him te freegjen oft hy by 'sijne opinie en dwalinge' bliuwt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]