Fermanje fan Boalsert
Fermanje | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Boalsert | |
adres | Skilwyk 29 | |
koördinaten | 53° 03' 46" N 5° 31' 11" E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | minnisten | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1809 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9867 | |
Webside | ||
Mennistegemeente Boalsert-Snits | ||
Kaart | ||
De Fermanje oan de Skilwyk yn Boalsert is de tsjerke fan de minnistegemeente Boalsert-Snits.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 1584 wie der sprake fan in minnistegemeente yn Boalsert. In iuw letter hie Boalsert fjouwer ferskillende gemeenten, dy't yn 1710 ta ien gemeente gearfoege waarden.
De hjoeddeiske tsjerke fan de minnisten datearret út 1809. Healwei de 19e iuw waard de tsjerke grutter makke. Yn de jierren 1990 folge in restauraasje fan de fermanje.[1]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de bou fan de tsjerke waard oan de Dútske oargelbouwer Heinrich Hermann Freytag opdracht jûn ta de bou fan in nij oargel. By de 19e-iuwske ferbou fan de tsjerke ferhûze Dirk Sjoerds Ypma it oargel fan de kreake nei it plak boppe de preekstoel. Van Dam brocht by in restauraasje feroarings oan yn it ynstrumint, dy't yn 1965 yn it ramt fan in restauraasje troch Bakker & Timmenga wer ûngedien makke waarden. It oargel waard mei in konsert fan Jan Jongepier op 4 septimber 1991 wer yn gebrûk nommen.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet op de postsegel fan 65 sint fan de simmerpostsegelsútjefte fan it jier 1985.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fermanje fan Boalsert fan Wikimedia Commons. |