Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub

Ut Wikipedy
Alvestêdetocht fan
de Fryske Motorklub
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
datum Pinkstermoandei
bysûnderheden
oare namme Motoralvestêdetocht
gelegenheid alvestêdetocht
soarte evenemint motorrydevenemint
bestean 1915 – no
org. troch Fryske Motorklub
offisjele webside
frieschemotorclub.frl/elfstedentocht

De Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub, better bekend as de Motoralvestêdetocht, is in alvestêdetocht foar motorriders, dy't elts jier holden wurdt op Pinkstermoandei. Dit evenemint wurdt organisearre troch de Fryske Motorklub (Friesche Motorclub), en bestiet al sûnt 1915. It is in 240 km lange toertocht dy't by de Fryske alve stêden lâns liedt, en dêr't elts jier likernôch 3.700 lju oan dielnimme, wêrfan 3.500 op yndividuële motorfytsen. Fierders dogge der ek 100 soleksen en 120 trikes en auto's mei.

De start en de finish binne yn Ljouwert, en de motorriders geane mei de klok mei by de stêden lâns. De stimpelpost yn Starum is inkeld iepen fan 9.00 oant 12.00 oere. Dat dy sa betiid ticht giet, is sadat de Motoralvestêdetocht de Alvestêdetocht op de Fyts net krúst, dy't op deselde dei ferriden wurdt. Krekt as by de reedrydalvestêdetocht is it doel om by de finish in stimpelkaart yn te leverjen dy't yn alle alve stêden ôfstimpele is, wêrnei't de dielnimmer in medalje kriget.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, "Elfstedentocht kan niet gehouden worden zonder de tomeloze inzet van vrijwilligers", yn: 11 fan Fryslân (hûs oan hûs besoarge ynfokrantsje), 2 maaie 2018, s. 9.