Alvestêdetocht

Yn de midden / 5e fan links mei burdsje de winner Minne Hoekstra, links fan him Gerlof van der Leij, de 2e priiswinner út Marrum, rjochts jhr. Jan Feith.
De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer by de alve stêden fan Fryslân lâns. Ljouwert, de haadstêd fan Westerlauwersk Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan.
Organisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Eltse dielnimmer, dy't lid wêze moat fan de yn 1909 oprjochte Feriening Alvestêdetocht, kriget by it ynskriuwen in stimpelkaart. Dy moat persoanlik oerjûn wurde by de kontrôleposten dy't yn alle stêden en op in stikmennich geheime plakken steane. Dêr wurde de stimpelkaarten mei de hân stimpele. In dielnimmer kriget it Alvestêdekrúske allinne as alle stimpels op 'e kaart steane en de dielnimmer op 'e tiid, foar tolve oere jûns, yn Ljouwert oankomt.
De earste tocht waard op oanstean fan sportpionier Pim Mulier organisearre ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Mulier hat ek de ûntwerper fan it Alvestêdekrúske west.
Tochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sûnt 1909 waarden der mar 15 offisjele Alvestêdetochten op redens hâlden.
Utslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
(*) Wenplek neffens opjefte fan de Feriening Alvestêdetocht. Oare boarnen jouwe Hoekstra syn berteplak Wergea as wenplak.
(**) Om't de winter sa lang oan hold yn 1929, waard der doe troch âlve kastleins noch in twadde tocht hâlden, dy't bekend is as de "Tolhúster Alvestêdetocht", nei it kafee dêr't it fertrek en de oankomst wienen.
(***) Nei dielde oerwinnings in 1933 en 1940, waard dit ferbean troch de organisaasje. Jan J. van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven brutsen dizze regel doe't sy fiifresom as earsten oankamen. Sy waarden diskwalifisearre, mar der is net in oare winner oanwiisd.
Froulju[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1985 koene foar it earst froulju meidwaan oan 'e wedstryd. Yn dat jier wie de earstoankommende frou Lenie van der Hoorn; in jier letter wie dat Tineke Dijkshoorn; yn 1997 Klasina Seinstra. Fan de kommende tocht ôf komt der in aparte wedstryd foar froulju. Der komt dan ek foar it earst in offisjele winnares
Oankundige tochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Njonken de tochten dy't riden binne, is de tocht ek in tal kearen net riden:
- sneon, 2 jannewaris 1909: 1e Alvestêdetocht
- sneon, 20 jannewaris 1912: net riden
- tiisdei, 23 jannewaris 1912: net riden
- woansdei, 7 febrewaris 1912: 2e Alvestêdetocht
- tiisdei, 27 jannewaris 1914: net riden
- sneon, 27 jannewaris 1917: 3e Alvestêdetocht
- tiisdei, 12 febrewaris 1929: 4e Alvestêdetocht
- sneon, 16 desimber 1933: 5e Alvestêdetocht
- sneon, 24 desimber 1938: net riden
- tongersdei, 29 desimber 1938: net riden
- moandei, 15 jannewaris 1940: net riden
- tiisdei, 30 jannewaris 1940: 6e Alvestêdetocht
- tongersdei, 6 febrewaris 1941: 7e Alvestêdetocht
- tongersdei, 22 jannewaris 1942: 8e Alvestêdetocht
- sneon, 28 desimber 1946: net riden
- tongersdei, 9 jannewaris 1947: net riden
- tongersdei, 6 febrewaris 1947: net riden
- sneon, 8 febrewaris 1947: 9e Alvestêdetocht
- woansdei, 3 febrewaris 1954: 10e Alvestêdetocht
- tiisdei, 14 febrewaris 1956: 11e Alvestêdetocht
- sneon, 30 desimber 1961: net riden
- freed, 18 jannewaris 1963: 12e Alvestêdetocht
- tongersdei, 21 febrewaris 1985: 13e Alvestêdetocht
- woansdei, 26 febrewaris 1986: 14e Alvestêdetocht
- sneon, 4 jannewaris 1997: 15e Alvestêdetocht
Oant no ta is de tocht 26 kear offisjeel útskreaun, de earste troch it Nederlânske Bûn foar lichaamlike opfieding en de oare 25 kear troch de Feriening Alvestêdetocht. Dêrfan binne der 15 riden en 11 net.
Oare âlvestêdetochten en sporten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle jierren wurde der Alternative Alvestêdetochten organisearre. Dy wurde net yn Fryslân holden, mar earne yn in lân dêr't winters altyd natueriis leit. Almeast wykt men dan út nei de Weissensee, yn Eastenryk, mar yn it ferline is de Alternative Alvestêdetocht ek ris yn Finlân organisearre.
Njonken de Alvestêdetocht op redens wurdt de tocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein:
- kuierjend: de Alvestêdekuiertocht
- dravend: de Alvestêde Ultrarin
- fytsend: de Alvestêdetocht op de Fyts en de Alvestêde Fytsfjouwerdaagse
- autopedsjend: de Autopedalvestêdetocht
- roeiend: de Alvestêde Roeimaraton
- kanofarrend: de Non-stop 11 Stêde Seekajak Prestaasjetocht
- peddelsurfend: de SUP 11 City Tour
- yn 'e auto: de Alvestêde Oldtimer Rally
- op 'e motorfyts: de Alvestêdetocht fan de Fryske Motorklub
- op 'e trekker: de Trekkeralvestêdetocht
Fierders besocht Olympysk swimkampioen Maarten van der Weijden de rûte fan 'e Alvestêdetocht yn augustus 2018, by de saneamde 11stêdeswimtocht (2018), swimmend ôf te lizzen. It doel dêrfan wie om jild yn te sammeljen foar KWF Kankerbestriding. De earste kear slagge it Van der Weijden net om 'e finish te berikken. Dêrom besocht er it yn juny 2019 nochris, by de 11stêdeswimtocht (2019). Diskear slagge it him om 'e hiele alvestêderûte swimmend ôf te lizzen.