Hidde Sjoerds de Vries
Appearance
Hidde Sjoerds de Vries (Seisbierrum, 22 desimber 1645 - Noardsee foar Dúntsjerk, 1 july 1694), wie in seefarder yn tsjinst fan de Fryske Admiraliteit.
Krekt as syn omke Tsjerk Hiddes de Vries makke er opgong by de Fryske Admiraliteit. Nei yn 1683 kapitein west te hawwen op in skip fan de Admiraliteit waard hy op 22 maart 1692 ta skout-by-nacht promovearre. Yn dizze funksje fierde hy it befel by de seeslaggen by La Hogue en Dúntsjerk yn 1692. Yn 1694 joech hy fan de Prins Friso ôf it befel oer de Nederlânske float. Yn in gefjocht mei de Frânsman Jean Bart rekke er ferwûne wêrnei't hy yn 1694 foar Dúntsjerk syn lêste siken útblies.